Middelpunt Fryslân

Keunstner Goasse sit mei in brutsen spegel fan in trekker midden yn it lân. Mei in stik tou besiket hy de oanriding te rekonstruerjen. Dan komt boer Reitse op, ek mei in brutsen spegel. Hy is homo, seit er. Goasse ek. Boppedat is er in keunster dy't it middelpunt fan Fryslân siket op de hynstegreide fan boer Reitse. De twa kinne it goed meiïnoar fine en nei in koart ferbliuw yn it tintsje fan Goasse ('sex is in glês wetter') besegelje se harren freonskip en meitsje plannen foar de takomst. NB 7e sêne út 'Hertejacht'. Sjoch HOEKSTRA, L. - 'Feesttinte' foar mear ynformaasje oer dit stik. De sênes kinne ek apart spile wurden. REITSE komt ek foar yn TOERING, R. - 'Sliepkeamer'. GOASSE komt ek foar yn MIEDEMA, B. - 'Atelier'.
Skriuwer(s): DALSTRA, Koos
Titel: Middelpunt Fryslân
Skreaun yn: 1997
Utjoen yn: 1997
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1999-03-16
Dekor: Op'e greide, simmer.
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 2