Mutsen
Seis suskes, seis ferskillende froulju. Elk mei harren eigen problemen en eigenaardichheden. Toch geane se elk jier in wykein mei elkoar fuort. Net mei syn seizen mar altyd mei syn fiven. Yn it ferline ha twa suskes mei elkoar brutsen. Dit jier komt de ferlerne sus ûnferwachts del. Dit liedt foar de ien ta in flinke botsing en foar de oaren ta komyske situaasjes. Ynearsten liket it der op dat allinnich dizze twa sussen problemen hawwe mar as elk earlik en iepen is docht bliken dat se allegearre in ferburgen geheim hawwe. Froulju fan rûn de sechstich binne tsjintwurdich absolút gjin mutsen. Se ha allegearre al it ien en oar meimakke. Mannen binne kommen en wer gien, bern binne grut en útflein, karriêre's binne stoppe of yn in ôfbouwende faze. Toch ha alle sussen ien ding wat harren bynt. It ferline. Mutsen is in komeedzje foar froulju fan dizze tiid.
Skriuwer(s):
| WARMERDAM, Christa |
Titel:
| Mutsen |
Te keap:
| 0 |
Oersetter:
| Zee, Tryntsje v/d |
Oarspr. Titel:
| Mutsen |
Ynfierdatum:
| 2016-06-08 |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 6 |
Tal manlju:
| 0 |