Nova Terra

De Musikal “Nova Terra” is in bewurking fan it bibelferhaal fan Samuël sa’t dat beskreaun stiet yn I Samuël 1 oan’t 8. De bibelske setting is oersetten nei in setting yn de midsieuwen. Sam Jelle (Samuël) komt as jonkje by pryster Ele (Eli) te wurkjen. De soannen fan Ele dy’t ek pryster binne misbrûke har funksje as prysters. Sam Jelle wurdt roppen om it folk te lieden. Nei de dea fan Ele en syn soannen liedt Sam Jelle it folk nei in nij wenplak.
Skriuwer(s): GERBRANDY, Gerben
Titel: Nova Terra
Skreaun yn: 2004
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2007-12-05
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 8