Ofskiedsmiel

Dizze ienakter is in akte út Anatol, in rige fan 8 ienakters. Anatol, de haadpersoan, is in rike flierefluiter. De ienakters geane oer syn leafdesaventoeren. Hy wurdt bystien troch syn freon Max. Yn dizze akte sil er mei syn freondinne Annie en Max út iten yn it restaurant, dêr't se hast alle jûnen komme. Foar de komst fan Annie fertelt Anatol Max dat hy neist Annie noch in oare freondin hat. Hy wol it dizze jûn mei Annie útmeitsje. Oant no ta doarde hy it noch net. Max moat him helpe. As Annie ek oan tafel kommen is, seit se daliks dat se Anatol wat fertelle moat. Se is fereale en foar dat se wat mei dy oare begjint wol se it útmeitsje mei Anatol. Anatol lit har earst har ferhaal fertelle en regearret as in jaloerske man. Om har werom te pakken fertelt er dat hy al lang wat mei in oar hat en dat er net mear fan har hâldt. Sy wurdt lilk omdat hy noch folle ûnbeskofter is as sysels en giet fuort. Max beslút mei: "No, sjochst wol, it foel ta." It ferhaaltsje is frij plat, mar de situaasje is wol grappich; der wurdt in soad iten en dronken ûnderwilens en se genietsje de rykdom, mar beide kieze se foar in ienfâldiger persoan.
Skriuwer(s): SCHNITZLER, Arthur
Titel: Ofskiedsmiel
Skreaun yn: 1893
Te keap: 0
Oersetter: Jansma, Jan
Oarspr. Titel: Abschiedssouper
Ynfierdatum: 1998-08-07
Dekor: In privee ytkeamer yn in eptich restaurant.
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 3