Omsjen yn lulkens (omsjen yn wrok)

Jimmy en Alison binne troud en wenje tegearre mei Cliff yn in appartemint. Jimmy seurt oer alles wat los en fêst sit, mar foaral oer Alison. Op in dei fertelt Alison oan Cliff dat hja yn ferwachting is, hja ferswijt it foar Jimmy. Op in stuit komt der in freondinne fan Alison by harren ynwenjen (Helena), hja liket in hekel oan Jimmy te hawwen en besiket Alison te oertsjûgjen om by Jimmy wei te gean. Dat giet sa fier dat hja de heit fan Alison in brief skriuwt om har op te heljen. De heit komt en Alison giet mei har heit mei. Fuortendaliks nei it fuortgean fan Alison nimt Helena har plak yn as frou. Nei in tal moannen komt Alison werom, hja hat har mem ferlern. Helena ferlit fuortendaliks Jimmy en Alison en Jimmy binne wer byelkoar. KOMMINTAAR: It is in prachtich stik dêr't in soad dingen yn barre. It stik hat moaie dialogen mei skerpe taal. De striid tusken Jimmy en Alison is net allinne in striid mei de leafde, mar ek in striid oer de ôfkomst. Jimmy en Cliff komme út in arbeidersgesin, wylst Alison en Helena út in heech fermidden komme. N.B. Fan dit stik binne twa oersettingen. Dy fan Spijksma is fan ± 1962. Dy fan Wadman (Omsjen yn wrok) is fan 1956 en is te finen by it FLMD. DS
Skriuwer(s): OSBORN, John
Titel: Omsjen yn lulkens (omsjen yn wrok)
Skreaun yn: 1956
Te keap: 0
Oersetter: Spijksma, Jehannes (A. Wadman)
Oarspr. Titel: Look back in anger
Ynfierdatum: 1996-07-03
Dekor: in ienkeamerflat
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 3