Op bêd? Mei sa’n portret?

Liesbeth van Tilburg, in skieden jonge frou besiket mei wikseljend sukses in Bêd en Brochje oan see te behearen. Paul, har eardere peetomke, stipet har út en troch dêrby. Op in dei komt hy mei in apart ferhaal, dat mei ien klap in ein meitsje kinne soe oan har finansjele problemen. As hja troud mei – de foar har folsleine frjemde – Freek Wagemakers, sille sy en hy erfgenamt wurde fan in hiele protte jild. Liesbeth is nettsjinsteande dochs wol hiel nijsgjirrich nei de ûnbekende houlikskandidaat.....Wannear hy as gast nei har B en B komt, kriget se de kâns him kennen te learen. Om sels dêrby op de eftergrûn te bliuwen, betinkt se in nuodlike list. Dêrneist hat se noch te krijen mei in aardige, mar trochloaie ynwenjende neef, en in net te snoade helpke, frjemde buorren en op in stuit ek mei de twa ferskate susters fan de mooglike brêgeman. Hoe giet se dêr mei om?
Skriuwer(s): WATERSCHOOF - V/D GRACHT, Mimi en Peter
Titel: Op bêd? Mei sa'n portret?
Te keap: 1
Oersetter: Krist, Abele
Oarspr. Titel: Naar bed? Met zo'n portret?
Ynfierdatum: 2016-06-13
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Grosfeld yn Berlicum (N.Br.). As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Grosfeld keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 3