Op fakânsje

Efter op it toaniel draait in film mei in dyk en ferkear. Wy sjogge de sydkant fan in auto mei in karke der achter fol mei guod. Efter it stjoer Sybe, neist Sybe Saapke, efter Sybe Gepke en efter Saapke Gurbe. Saapke en Gurbe sitte leger yn ‘e auto. Saapke en Gepke binne wat simpel. Yn it karke fan de auto sit û.o. kratten bier, húskepapier, krat kola, opblaasde luchtbêden, frituerpanne, grutte draachbere radio en túnstuollen. Ek moat der in koai by mei in pear hinnen, in koai mei in hûn soe ek moai wêze. Ensfh. Heit en mem geane mei hun beide bern op fakânsje nei Ausfaart yn Dútslân, se witte net wêr it leit, mar in frou fan it folksdûnsjen die hun dy tip. Wylst de bern ûnderweis ut de broek moatte komt der in plysje foarby, en dat jout hiel wat konsternaasje.
Skriuwer(s): PANDER, Aan
Titel: Op fakânsje
Skreaun yn: ?
Te keap: 1
Ynfierdatum: 2015-07-10
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 3