Op wei nei rom

Bernie en Zelda driuwe al jierren mei hert en siel in teaterkafee yn it Broadway Teater Distrikt. Gol en gastfrij lette en sette se harren gasten en stimulearje deselden dy't in goai dwaan wolle nei de ivige rom. Yn harren bar-restaurant komme de meast útienrinnende figueren, dy't allegearre harren winsken en idealen koesterje. De Súdafrikaanseke Soloman Mantutu hopet bygelyks in bekend skriuwer te wurden en Megan Woods is fan doel as aktrise yn it fuotspoar fan har mem te treden, mei dit ferskil, dat sy hopet wol troch te brekken as aktrise. de eksintrike Rayleen en har swijsume partner Charles komme ek geregeldwei yn it restaurant en de bekende komyk Mickey Fox fiert der syn saaklike besprekkingen. Hy is oan it kafee ferslingere, dat neat ha moat fan glamour en opkloppe hip gedoch. Mar alle gasten ha sa wol harren redenen om harren oan dit bysûndere plakje yn it Broadway Distrikt te hechtsjen.
Skriuwer(s): SIMON, Neil
Titel: Op wei nei rom
Utjoen yn: 2011
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: 45 Seconds from Broadway
Ynfierdatum: 2011-10-12
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 6