Truth or Dare

Trije froulju, se binne rûn de fjirtich en sitte op in punt wêr’t alles feroaret. It liket der op dat se in suksesfol libben ha, fol mei karriêre, bern en it leauwen yn it eigen kinnen. Dochs komme se yn in midlifekrisis telâne. Hoe kin dat no?
It tik giet oer relaasjes, ferantwurdlik wêze, it hawwen fan ferwachtingen, oer reedlik gelokkich wêze, mar toch langstme nei mear. De tekst is humoristysk, fol myld synisme.
Livemuzyk sil de sfeer fan it stik fersterkje.

Wer

It stik WER giet oer trije froulju dy’t trije kertier werom op ierde komme. Se hawwe de opdracht om ien ding, dat harren op ierde hiel dierber wie, op te heljen. Yn earste ynstânsje liket dizze moeting de muoite wurdich te wezen, mar is dat wol sa? Meitsje se gebrûk fan de tiid dy’t se krije en fine se wat se hawwe wolle, of ferdogge se him op de ierdske wize fan by elkoar wezen.

De Froulju’s Slachterij

“Nea bang wêze foar manlju!” Dizze liifspreuk wurdt troch fjouwer froulju yn it Frânske doarpke Salves op bysûndere wize krêft bysetten. As de slachter fan it doarp stjert, nimme syn dochter en har ivich eameljende man de saak oer. Dit sil it begjin wêze fan in rige dramatyske foarfallen, lugubere insidinten en misferstannen dy’t it libben yn it doarpke foargoed feroarje sille. Dit komyske ferhaal fertelt wat der barre kin as fjouwer froulju it rjocht in eigen hân nimme.

Alde doazen

Trije froulju binne de personaazjes yn de nijste komeedzje fan Thomas Verbogt, mei de Fryske titel “Alde doazen”
In ferhaal oer âlder wurde, fitaliteit en wat der fan it libben oerbliuwt as je âlder wurde.
Yn dizze foarstelling draait it om Mimie van der Kwast, dy’t allinnich noch mar mei de parkyt praat. Har hiele libben hat se har weisifere foar har man, dy’t in bekende Fries wie.
No’t hy dea is kinst yn har libben in spjelde fallen hearre. Sa stil is it. Lokkich hat Mimie har suster noch; dat jout noch in bytsje avesaasje. Dan giet de bel. Der stiet in folslein frjemde frou foar de doar. Dizze komt mei in tige opmerklik ferhaal oer de weirekke oare helte, dat as in bom ynslacht…

Knyntsjedagen

Marian Thorncraft sjocht út nei har knyntsjedagen mei har man Tyler. Se tinkt dat se dy troch bringe sil yn in romantysk, smûk húske op ‘e romte. Se is noch mar krekt oer de drompel droegen, dan ûntdekt se al, dat dizze filla dêr’t se binne “Graveside Manor” (wat in frjemde namme), wat mei oan ‘e hân is. It spoeket der (fansels), hat allegearre heimsinnige gongen (fansels) en is like gesellich as in flearmûsgrot en leit like fier op ‘e romte as it Sintraal Stasjon. In wurkster dy’t hieltyd ferdwynt, in spoek dat mei in bile swaait en trije studinten dy’t in grap foar Halloween úthelje wolle, Marian hat it der dreech mei. En dan noch dy plysjeman, net al te snoad, dy’t in ûntsnapte psychopaat siket en dizze ûntsnapte psychopaat sels. Al mei al, it wurde “geastige” knyntsjedagen dêr.

Hertstocht

“Hertstocht” is in ûntregeljende foarstelling. Sa is “Hertstocht” fan alles wat: thriller en psychologysk drama. Troch de ferskate wizen fan plotomkearingen krigest mar gjin gryp op it ferhaal. Fielst dy besoademitere dêr’tst by sitst en dat frustrearret, mar is ek in grut komplimint foar de skriuwers Koos Terpstra en Nhung Dam.

Wannear’t Patty earder thúskomt as pland is har man Max nergens te finen wylst hy oer de telefoan seit dat er thús op de bank leit mei in boek. Dat is it begjin fan alle ellinde. Patty bellet har bêste freondinne Elizabeth, dy’t earst lang op har wachtsje lit en dan hielendal oeral en sa optutte oankomt dat it al gau dúdlik is wa’t it mei wa docht…..
Yn heech tempo komt Patty mei in sa’n trochtocht moardners-senario foar it ljocht dat je der bang fan wurde. Mar krekt as ’t tinkst datst yn in thriller belâne bist, kriget it stik in komyske draai en sa draait it plot hieltyd om en om.
En dan de mannen: de wat ûnbehouwen troubrekke man Max en de wat kloatsekeftige Julius, dy’ t syn frou neat kwea ôf nimt. Mei nammen Julius jout it stik op it ein wol in hiel ferrassende omkearing.

Ekseem

In skildersbedriuw wurdt foar de fjirde kear frege om de foardoar oer te skilderjen. Foar sa’n heech bedrach mei der doch wol kwaliteit ferwachte wurde. “Kâlde Kak” fynt de jongste skilder en hy nimt op in prachtige wize wraak.

Krang

Basearre op ‘IVANOV’ fan Anton Tsjechov (1860-1904)
‘IVANOV’ is it earste stik fan Tsjechov, it gie yn 1887 yn premjêre. It ferhaal oer in slagge sakeman dy’t him, ek as it minder giet, steande hâlde moat yn in lytse mienskip, is oerset en bewurke nei dizze tiid. Ivanov wurdt Krang.

It oarspronklike ferhaal yn it koart.
In man dy’t de holle boppe oaren útstutst en altyd mar mear woe, komt himsels no tsjin. It giet net goed mei him. Mei syn bedriuw al hielendal net. Hy hat oeral lieningen útstean, dy moatte no dochs in kear ôfbetelle wurde. Hy rekket fallyt en syn ympearium klapt yn elkoar. Syn frou Anna hat T.B.C. Ivanov siket syn heil bûten de doar. Hy kriget in ferhâlding mei Sasja, de dochter fan de Lebedevs. In boer mei, sa liket it, in protte jild. Ivanov hat dêr ek noch in liening fan 9000 roebel stean. Anna komt te ferstjerren. In jier letter trout Ivanov mei Sasja. Docht er dit wier út leafde of stiet er mei de rêch tsjin de muorre en trout er om de breidsskat? En hoe is dat destiids dan mei Anna gien? Is er wol sa earlik as er him foardocht of docht er alles om syn eigen hachje te rêden?

Eintsje libben

Twa mannen ha krekt de frou fan har beiden begroeven. De iene wie mei har troud, de oare hold fan har. De iene wie dirigint, de oare boekhâlder. Se binne freonen, rivalen, needlotgenoaten en soms famylje fan mekoar. Se fertelle harren libben oan in famke. In famke dat krekt op dy dei op syk is nei in rjochting yn har libben.

Hiemhûntsje

Se helje boadskippen en dogge de wosk. Se siede iten, meitsje it hûs skjin en betelje de rekkens. Twa suskes dy’t harren sels opfiede, want harren mem leit op bêd. Al alve moannen en njoggen dagen. Fan de dei ôf dat harren heit mei de auto tsjin ’e beam oan knalde. Boem. Ynienen wie er dea. Mem mist him sa bot dat se net fan ’t bêd komme kin. De suskes betinke healwize fiten om har fan ’t bêd te krijen. Mar wat se ek dogge, it slagget net. Oant der foar it earst sûnt in lang skoft immen op besite komt. In jonge dy’t baarnt fan nijsgjirrigens.

Moardwiif / Atalante

Wat bart der as je yn in lytse mienskip ôfwike fan it ferwachte paad? Der komt in nije ynwenster fan it doarp, se hjit Atalanta. As der, sûnt de komst fan Atalanta, dingen barre dy’t net te ferklearjen binne wize alle fingers al gau yn har rjochting. Mar is dat terjochte? Foar de besikers in moaie gelegenheid om te efterheljen wat it werklike ferhaal is. Wa is no dat Moardwiif?

Soest’ fiele wat ik fiel, dan pipest wol oars

It blijspul “Soest’ fiele wat ik fiel, dan pipest wol oars”, spilet him ôf yn de ytkeamer fan garaazjebedriuw De Vries. De famylje hat in garaazjebedriuw anneks benzinepomp. Mem Tine besiket der it bêste fan te meitsjen, mar dat falt net altyd ta. Skoanmem hat in appartemintsje mei tagong nei de wenning. Dêr makket se te pas en te ûnpas gebrûk fan. Se hat lêst fan groanyske oanstelleritis, dêr’t soan Sibe har geregeld mei te fiter hat. Heit Joast en syn trouwe, mar tige synyske wurknimmer Hein, liede foar in grut part de garaazje, mei “help” fan Sibe. Dora, (in fekke fan in frommes, dy’t yn skieding leit) wennet sa lang mei har dochter Lysbet, dy’t geastlik sawat trijekwart is, by harren yn. Dit soarget geregeld foar frijwat tûkelteammen. As der in nije monteur oannommen wurde moat, falt de kar op Jannet. Dan slagge by Hein de stoppen troch. Bart, de fertsjintwurdiger (dy’ t suver bern oan hûs is,) en Sibe, sjogge gjin swierrichheden. Krekt oarsom! Betty, in ferfelende klant, hat koartlyn op in staatslot in miljoen wûn. Dêrnei tint se yn útwrydske klean en hat oanstellerich praat. Se beweecht har yn de hegere klassen en komt dêrtroch al gau yn de problemen. Sa’n grut ferskaat fan minsken moat wol liede ta hilaryske tafrielen.

It Kistke

It stik giet oer in âlde omke dy `t himsels wat ferwaarleazet.
Wol hat er in hiele leave húshâldster.
Op in jûn binne twa manlju oan it mudze jeien mei harren stabijhûntsje.
De murd fljucht omke `s dak op, de hûn der efter oan. No kin it dak de murd
wol ferneare mar de hûn net en dy ploft by omke yn `e keamer.
De famylje fynt dat it sa net kin en wolle him nei in âlderein te hûs ha. En dêr
komt er ek. Krekt even, want omke kin him mar dreech oanpasse. Sa lit er him
wolris in prûmke ûntkomme op `e gong en pisset er wolris oer it balkon.
De famylje is poer mar hja witte dat Omke altiten hiel heimsinnich docht oer syn jildkistke.
Elk fan de famylje siket op eigen wizen nei dit kistke. Sy binne tige wantrouwend tsjin oer elkoar.
By eintsje beslút blykt der allinnich in testamint yn it kistke te sitten dat de ferdieling ynhâld mar
it blykt dat de famylje neat kriget Omke hat alles ferdielt oan syn freonen en syn húshâldster.

Reina en Kinge

Reina en Kinge, twa suskes, sille tegearre it hûs fan harren ferstoarne heit leechhelje. Dan komt der nochal wat âld sear nei boppen…

Frou siket boer

Herman Beekman, fynt it heech tiid wurden dar har soan Dick in frou kennen leart, skriuwt dêrom in brief nei de redaksje fan televyzje programma “Boer siket Frou”. Der binne mar twa froulju dy ’t reagearje. De redaksje fan it televyzje programma fynt dit sa unyk, dat Dick “yn è race” bliuwt. Dan komme de froulju. Suus, in skruten en senuweftich typ, yn selskip fan har buorman en freon Louis. Ria, in hoerke, yn selskip fan har freondinne en kollega Corry. Dick Beelman sil in kar meitsje moatte.

Leave Arthur

De âldere susters Ada en lies wenje noch hieltyd by elkoar yn harren âlderlik hûs. Der is in soad feroare sûnt se jonge wiene. En dan stiet ynienen- nei rom tritich jier – harren nei Afrika emigrearre suster Trude foar de doar. Har man Arthur is stoarn en sy is nei Nederlân werom kommen om de begraffenis te regeljen. Sy wit net dat Ada en Lies harren ferstoarne kat ek nei Arthur neamd hiene.
Stadichoan komme de oantinkens oan earder werom. Oer doe ’t se jong wiene en hoe ’t Arthur yn it libben fan de susters kaam en hoe ’t dat alles feroare.
Foar Trude binne lykwols inkelde dierbere oantinkens oan eartiids út it hûs ferdwûn mar it meast is itselde bleaun.

Korczak en de bern

De Poalsk / Joadske bernedokter / pedagooch en weeshûsdirekteur Janusz Korczak liet him yn 1942 frijwillich nei de gaskeamers fan it fernietigingskamp Treblinka liede, om’t hy de Joadske bern út syn weeshûs net yn ‘e steek litte woe. Mar hoe frijwillich is in died as je eins gjin oare kar ha? Al jong beslute Korczak nea te liigen. ( ‘Wa ’t God erkent, liicht net’). Hoe hie hy de bern gerêst stelle kinnen mei syn belofte harren net te ferlitten, as hy oan de doaren fan de dea omkeard wie? It ferhaal fan Korczak wurdt troch fjouwer akteurs ferteld, net spile. Se bliuwe it hiele stik akteurs, dy’t sênes ôfwikselje mei harren eigen refleksje en fragen oer de dilemma’s fan de karakters dy’t se spylje. It stik hat iroanyske humor, wêrtroch it net moralistysk of dweperich wurdt. Likemin wurdt der fan Korczak in hillige makke. Ek de Dútske nazi- kommandant, dy’t Korczak de kar jout syn eigen libben te sparjen, kriget de kâns om syn ferhaal te dwaan. Ek hy hat in ferline. Ek hy leaut yn it goede fan wat hy docht. Beide mannen binne ree om ûnderdanich wêzen: de iene oan syn God, de oare oan Hitler. Fiifensechtich bern sieten yn it weeshûs fan Janusz Korczak. “Geane jim straks mei, bern, as ik in hiele lang reis meitsjen gean?” freget hy harren. “Ik sil altyd by jimme bliuwe, oant it lêste momint.”

De Presidintes

Trije froulju ha it oer de problemen en mislearringen fan it libben. De hypokrisy fan de Eastenrykse nei oarlogse maatskippij en de bekrompen boargerlikheid wurde útpluze mei bittere humor en eigensinnish taalgebrûk.