Praatsjes

Fjouwer stellen binne útnoege op it tsienjierrich houliksfeest fan harren freonen, de loko-boargemaster fan New York en syn frou Myra. It feest giet net troch want de jubilaris hat himsels foar de kop sketten (it is mar in lichte ferwûning oan it ear) en syn frou wurdt fermist. Syn advokaat beslút dat it net ferstannich is om de saak útlekke te litten (hoewol't er gjin idee hat wat er him no eins werklik ôfspile hat) en de iene leagen lokket de oare út. De saak wurdt hieltyd yngewikkelder mei dat der mear gasten komme. Op it lêst wit gjin ien mear wa't by wa no wat ferhaal op' e mouwe spjelde hat en wêrom. It falt te begripen dat de gasten op it ein fan de jûn in bytsje trochdraaid binne.
Skriuwer(s): SIMON, Neil
Titel: Praatsjes
Utjoen yn: 2011
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: Rumours
Ynfierdatum: 2011-10-16
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 5