Prins Ali Ahmed de Knûkelige
Wilma ûnderhâldt al in skoft briefwikseling mei in Easterske Prins, Ali Ahmed Yoesseff.
Ali Ahmed hat Wilma skriftlik freege mei him te trouwen. Om 't sy op 't stuit net in gaadlike foto fan harsels hie, hat se ien opstjoerd fan har freondinne Hetty. Ali Ahmed is op kommende wei om syn breid op te heljen. Marten, Hetty har man, sjocht fansels allegearre apen en bearen. Ali Ahmed sil tinke dat Hetty syn breid is.
Der komt ek noch in journalist mei de klompen yn it spul, hy tinkt hjir in moai artikel út te heljen.
It lit him riede dat him de frjemdste dingen ôfspylje as Ali Ahmed ienkear oankaam is en fansels komt alles op it ein wer op syn poatsjes telânne.
In komysk, hast absurd jûnfollend stik.
Skriuwer(s):
| ANDREA, Max |
Titel:
| Prins Ali Ahmed de Knûkelige |
Skreaun yn:
| 1979 |
Utjoen yn:
| ? |
Te keap:
| 0 |
Oersetter:
| Veen, Barend van der |
Oarspr. Titel:
| Hoogheid Uw kameel staat voor |
Ynfierdatum:
| 2001-05-11 |
Dekor:
| Húskeamer |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 4 |
Tal manlju:
| 5 |