Prins Moreo

Sûnt de keningin dea is is it net bêst mei de kening. Hy hat bygelyks 'dreambelestingsamtners' oansteld, dy't elkenien belesting betelle litte foar harren dreamen. Wa't wat seit of docht dat de kening net noasket wurdt in kopke lytser makke. Ek de ministers dogge netsjes wat de kening seit. Prins Moreo hat it wakker dreech mei de praktiken fan syn heit. Sa'n kening wol hy net wêze. Hy dreamt fan syn mem en ûntkomt út it paleis. Mei it folksfamke Osylde komt hy letter werom. As syn heit siik is, nimt hy dy syn plak yn: Osylde wurdt de nije keningin en Moreo sil in oare kening wurden as syn heit. In licht absurdistysk mearke oer it ferwurkjen fan fertriet en folwoeksen wurde. PS Dit stik is yn 1990 spyle troch Tryater. Guon rollen kinne dûbele wurde en ek troch froulju spile wurde.
Skriuwer(s): BOER, Tjitske de
Titel: Prins Moreo
Skreaun yn: 1989
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1999-03-23
Dekor: Troanseal, dyk, sliepkeamer, gong.
Omfang: Net jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 6