Reboelje yn de âlde jachthaven

Wat in reboelje yn de âlde jachthaven, wêr’t it altyd sa rêstich en gesellich wie. De minsken hawwe troch krigen, dat it spul ferkocht wurde sil. Grutte konsternaasje as dan ek noch blykt dat der in kontroleur ûnderweis is en nimmen wit hoe hy der útsjocht. In havenmaster dy’t net swimme kin, in direkteur fan in grut bedriuw, dy’t ferdwûn is en sels syn sekretaresse wit net wêr ‘t hy is. Wat in drokte dêr yn de “FEILIGE HAVEN” en komt it allegearre wol wer goed???
Skriuwer(s): RUITER, Johan E.G.
Titel: Reboelje yn de âlde jachthaven
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2011-07-22
Dekor: bar fan jachthaven
Omfang: Net jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 4