Rûn Rjocht

Rûn Rjocht is in pleit foar leafde en opoffering en slút hielendal oan by de diskusje fan hjoed-de-dei oer leefberens en wurkgelegenheid op it plattelân. Yn in meislepende, muzikale en humoristyske foarstelling is dy aktuele problematyk ferweve mei it ferhaal fan de stedehâldersdochter Gaja. Dy kin, troch in traumatyske ûnderfining, fan jongs ôf oan net prate. At der yn it lân in wiksel fan de macht ta stân komt, wurdt har heit fermoarde en flechtet har mem sûnder Gaja. De tsjinstfaam Frouck nimt de noed foar Gaja op har, mei alles wat dêr efterwei komt. As in oantal jierren letter yn fredestiid, de mem oanspraak makket op it âlderskip en it erfrjocht, komt it ta in rjochtsaak. Yn de rjochtsaak rint it ferhaal fan de stedehâldersdochter Gaja, syngroan mei de diskusje oer it plattelân fan hjoed-de-dei. Yn in opskuor jaande en ûnferjitlike rjochtsaak wurdt der in antwurd socht op de fraach wa't de úteinlike sizzenskip oer Gaja en dermei oer de grûn krije sil.
Skriuwer(s): BRECHT, Bertolt
Titel: Rûn Rjocht
Utjoen yn: 2004
Te keap: 0
Oersetter: Haan, Jikke de
Oarspr. Titel: Der Kaukasische Kreidekreis
Ynfierdatum: 2006-03-15
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 0