Russyske roulette

Fjouwer russyske froulju hawwe harren man ferlern troch de russyske roulette. Se binne lilk en wolle har manlju wreke troch harren yn moed te oertreffen. Se sette de tee oan de kant, it drankje dêr't se mei ûnderdrukt binne, en de wodka en sigaren komme op tafel. De betsjinner Feodor wol harren eins net helpe. De wodka smakket net, dus dan sille se mar nochter oan de russyske roulette. Se helje de trekker oer en ien fan harren leit mei bloed op'e sliep yn har stoel. Mar se libbet noch; Feodor hie de moed net om in kûgel yn ien fan de pistoalen te dwaan. It bloed blykt kersesop te wêzen. Dan jouwe se allegear ta dat se dêr ek wol op rekkene hiene.
Skriuwer(s): HEUER, Ben
Titel: Russyske roulette
Skreaun yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Reitsema, Froukje
Oarspr. Titel: Russische roulette
Ynfierdatum: 1998-08-15
Dekor: Russyske salon (Fin de Siècle).
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 1