Sa fijn en sa fredich

Dit stik toant in stikje doarpslibben sa't elk dy't op in doarp opgroeid is dat ken. Sa op 't each in fredige rêstige boel, mar bytiden mei in benearjende sosjale kontrôle. Dat lêste ûnderfynt foaral de figuer fan Zus mei har dochter Janneke, dy't nei har skieding út 'e stêd wei "flechte" is nei dit doarp, en ferlet hat fan rêst. De dochter is ferslave oan drugs, de mem hat wurk foar heale dagen en is fierders oanwezen op bijstân. Yn 't earstoan liket it oft se aardich troch de buorlju opfongen wurdt, mar oan 'e ein beslút se wer út it doarp wei te gean. Se kin dêr net aardzje. De autochtoane bewenners fan it doarp kinne sa't skynt o sa goed meielkoar, se bouwe feestjes en geane te farren, komme byelkoar om fakânsjedia's te besjen, ensf., mar ek dêr is in bulte rabberij te bespeuren. Benammen as de froulju fine dat de manlju wat tefolle oandacht jouwe oan oaren as de eigen froulju. Nei't it publyk yn 'e earste sêne yn 'e kunde kommen is mei de beide troude stellen, wurdt yn in pear flash-backs sjen litten hoe't sy as jongelju oanelkoar kommen binne. (stoer gedoch mei brommers, feestjes bouwe en plaatsjes draaie ensfh.). KOMMINTAAR: In stik mei aardige sfearbylden, goed foar in noflike jûn sûnder al te folle djipgong. Likegoed net maklik te spyljen. Wat technyk (dekor) oangiet freget dit stik in bulte "vindingrijkheid", mar mei ienfâldige, suggestive middels (en muzyk) moat der wol wat fan te meitsjen wêze. TZ
Skriuwer(s): SPOELSTRA, Oene
Titel: Sa fijn en sa fredich
Skreaun yn: 1981
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1996-07-08
Dekor: wikseljend tún, strjitte ensfh.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 2