Schön ist die Jugend
16 losse sênes, wêr't yn it foarste plak de ferhâlding tusken jongerein en harren âlders oan bod komt, sa bygelyks in heit en mem dy't har bern ûnder druk sette om mei te gean mei in útstapke, wylst it famke dy jûn nei in feestje wol.
Tige herkenbare situaasjes, sjoen út it perspektief fan de jongerein wei. De tekst is foar it grutste part yn it Nederlânsk, mar der sitte ek Fryske sênes by.
Yn dizze ferzy is it stik spile troch de Jeugdtheaterschool yn 1996.
Skriuwer(s):
| ERNST, Gustav |
Titel:
| Schön ist die Jugend |
Skreaun yn:
| 199? |
Te keap:
| 0 |
Oersetter:
| Beckmann, Gudrun en Bouke Oldenhof |
Oarspr. Titel:
| Mit mir nicht |
Ynfierdatum:
| 1999-03-23 |
Dekor:
| Ferskaat. |
Omfang:
| Net jûnfoljend |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 4 |
Tal manlju:
| 4 |