Seis personaazjes om in skriuwer út

Yn in teater - omtrint 1920, mar it kin ek letter wêze - binne in ploech spilers en in regisseur oan it wurk. Se ha der net in soad nocht oan, want se fine it stik, fan de skriuwer Pirandello, net sa bêst as de Frânske stikken dy't se wend binne. Dan komt in nuver groepke minsken troch de seal op it poadium ta. Se sizze dat se op syk binne nei in skriuwer dy't harren drama ta in ein bringe kin. De spilers fine dit mar steurend en ek de regisseur wol der yn it earst neat fan witte, mar as de personaazjes - sa at se har sels neame - mear oer har sels fertelle, begjint hy it as in alternatyf te sjen foar it minne stik dêr't se mei dwaande binne. De heit fan dizze famylje fertelt oer syn frou dy't hy ferlitten hat om't er net mear mei har libje koe. De frou hat doe in ferhâlding krigen mei in oare man en hat trije bern út dizze relaasje. Ut begrutsjen en skuldgefoel hat de heit dizze nije húshûlding lange tiid yn'e gaten hâlden. Oant er op in goeie dei by in 'madam' in jong famke moetet, dy't troch dizze madam Pace min of te mear twongen is om harsels te prostituearjen. Krekt op'e tiid ûntdekt de heit dat dit syn styfdochter is. Wylst de regisseur en de spilers besykje om dizze en oare sênes nei te spyljen, komt it ta hieltyd heftigere konfrontaasjes tusken de heit en de styfdochter, dy't it ferline hiel oars besjocht. Yn de lêste sêne, as de regisseur besiket om it slot fan dit famyljedrama te rekonstruearjen, komt it ta in ûnferwachte ûntknoping.
Skriuwer(s): PIRANDELLO, Luigi
Titel: Seis personaazjes om in skriuwer út
Skreaun yn: 1921
Utjoen yn: 1991
Te keap: 0
Oersetter: Wadman, Anne
Oarspr. Titel: Sei personaggi in cerca d'autore
Ynfierdatum: 1999-05-05
Dekor: It toaniel fan in teater.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater.
Tal froulju: 7
Tal manlju: 13