Sin, snoad en swierte
Alex is op jild út en hy hat foar syn baas Frank in kompjûterprogramma ûntwikkele. Omdat dizze ûnsympatike fint de opbringsten hjirfan foar himsels hâlde wol, besiket hy syn freondinne Rian foar syn karke te spannen. Mar omdat Rian de dochter is fan baas Frank, jout dat grutte problemen. Dêrom betinkt Alex in pear listen om syn doel te berikken. Lestich foar him is dat de keunstskilder Ivo, dy’t in portret makket fan Rian, smoar fereale wurdt op syn model. Komme noch by; Floor, de keapsike frou fan de hast fallite Frank, de ûnbetroubere help, de ynklauwerige Loes mei har geheim en Thea, dy simpele mar o sa tûke help yn de húshâlding fan Frank en Floor en it resept is klear om elkoar it libben behoarlik lestich te meitsjen. Fansels komt nei alle healwize ferwikkelingen alles op syn poatsjes telâne.
Skriuwer(s):
| WATERSCHOOF - V/D GRACHT, Mimi en Peter |
Titel:
| Sin, snoad en swierte |
Te keap:
| 1 |
Oersetter:
| Krist, Abele |
Oarspr. Titel:
| Lusten, listen en lasten |
Ynfierdatum:
| 2016-06-13 |
Dekor:
| Húskeamer |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Dit stik is útjûn troch útjouwerij Grosfeld yn Berlicum (N.Br.). As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Grosfeld keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar. |
Tal froulju:
| 4 |
Tal manlju:
| 3 |