Sinnesintrum De Sinnestek
Anke wurket yn in sinnesintrum en sil harsels bewize moatte om in fêste baan te krijen, wylst har bazinne fuort is. It sit har net mei as ien fan de sinnebanken stikken giet en de reek út'e kabine komt. Se besiket de klant del te bêdzjen, mar as dy letter werom komt om it fergees noch ris te probearjen, wurdt sy - en Anke - it slachtoffer fan oare ûntjouwingen. Anke's ex-freon Lutsen is namentlik net bliid dat sy him de bûns jûn hat en no kunde hat oan in oare klant, Sytse. Hy sint op wraak en keapet in monteur om, om de sinnenbanken noch mear nei de barrebysjes te helpen. Underwilens krijt Sytse ek noch in oanfarring mei de mem fan syn foarige freondintsje Atsje. Dizze mem blykt in bêst bekstik te wêzen, dy't grutte heibel yn de saak makket op it stuit dat sy it mei har dochter wer goed meitsje soe. Troch al dit spul tusken de klanten en hieltiid mear klachten oer stikkene kabines, driget Anke har baantsje te ferliezen, as har bazinne werom komt.
Mar op it lêst komt alles dochs noch goed. Mei feriende krêften witte de klanten Lutsen te ûntmaskeren as de nep-monteur dy't de sinnebanken stikken makke hat. Tusken him en Anke komt it net mear goed, mar wol tusken Sytse en Atsje. En Anke hâldt har baantsje.
Fleurige komeedzje, mei kluchtige situaasjes en moaie types.
Skriuwer(s):
| BROUWER, Meintsje |
Titel:
| Sinnesintrum De Sinnestek |
Skreaun yn:
| 1997 |
Te keap:
| 0 |
Ynfierdatum:
| 1999-02-23 |
Dekor:
| In sinnesintrum; ien dekor. |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 5 |
Tal manlju:
| 7 |