Skimmen ut it fjoer

Jan hat alris in frou fermoarde en der bestiet in grutte kâna dat hy dat ynkoarten nochris dwaan sil. Earne yn'e bosken fan Ingelân wennet de bejaarde mefrou Smedinga, eigenaresse fan in grut lânhûs mei har muoikesizzer, in kostgonger en de wurkster dy't net al te snoad is. Jan komt op in liepe wize binnen de doarren fan dit lânhûs en spilet hiel hoeden en bedreven op dizze mefrou Smedinga yn. Jan is in tige kreaze ferskining en dat wit er sels mar al te goed. Hij krinkt him op as in sjerpstriker oan dizze mefrou Smedinga, dy't net yn 'e gaten hat dat sy in moardner yn 'e hûs helle hat. Jan is in komplete egoïstyske psychopaat, immen sûnder gefoel mar mei in enorme fantasy dy't oanienwei dwaande is mei selsferhearliking. Der is dan ek nimmen yn it lânhûs dy't yn'e gaten hat wat Jan syn bedoeling is..........utsein de muoikesizzer fan mefrou Smedinga! It is in tige nijsgjirrich en spannend stik. De iene kear sitte jo op it puntsje fan de stoel en de oare kear skuorre jo josels de bûsen ut.
Skriuwer(s): WILLIAMS, Emlyn
Titel: Skimmen ut it fjoer
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1995
Te keap: 0
Oersetter: Karsten, Hotze
Oarspr. Titel: Night must Fall
Ynfierdatum: 2001-01-26
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 7