Sliepkeamer

Boer Reitse (48 jier) en syn frou Djurre komme op in jûn let thús fan in toanielútfiering. Wylst se har sels ree meitsje om op bêd te gien, komme de spanningen yn it houlik nei boppen: it hat him irritearre dat sy mei Sieger omflikfloade, in jong keardel. Sy wit al langer dat Reitse in erotyske bân hat mei de dirigent yn it doarp. Boppedat meitsje se har soargen om harren soan, dy't hoe langer hoe wylder docht. Net prate kinne wie it grutste probleem yn dizze relaasje, mar no't der einliks, mei tefolle drank op, ris praat wurdt, binne de frustraasjes net yn'e hân te hâlden. NB 6e sêne út 'Hertejacht'. Sjoch HOEKSTRA, L. - 'Feesttinte' foar mear ynformaasje. De sênes út dit stik kinne ek apart spyle wurden. DJURRE komt ek foar yn HETTING, Y. - 'Fûgelhutte'. REITSE komt ek foar yn DALSTRA, K. - 'Middelpunt Fryslân'.
Skriuwer(s): TOERING, Romke
Titel: Sliepkeamer
Skreaun yn: 1997
Utjoen yn: 1997
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1999-03-02
Dekor: Sliepkeamer fan in troud stel.
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 1