Soest’ fiele wat ik fiel, dan pipest wol oars
It blijspul “Soest’ fiele wat ik fiel, dan pipest wol oars”, spilet him ôf yn de ytkeamer fan garaazjebedriuw De Vries. De famylje hat in garaazjebedriuw anneks benzinepomp. Mem Tine besiket der it bêste fan te meitsjen, mar dat falt net altyd ta. Skoanmem hat in appartemintsje mei tagong nei de wenning. Dêr makket se te pas en te ûnpas gebrûk fan. Se hat lêst fan groanyske oanstelleritis, dêr’t soan Sibe har geregeld mei te fiter hat. Heit Joast en syn trouwe, mar tige synyske wurknimmer Hein, liede foar in grut part de garaazje, mei “help” fan Sibe. Dora, (in fekke fan in frommes, dy’t yn skieding leit) wennet sa lang mei har dochter Lysbet, dy’t geastlik sawat trijekwart is, by harren yn. Dit soarget geregeld foar frijwat tûkelteammen. As der in nije monteur oannommen wurde moat, falt de kar op Jannet. Dan slagge by Hein de stoppen troch. Bart, de fertsjintwurdiger (dy’ t suver bern oan hûs is,) en Sibe, sjogge gjin swierrichheden. Krekt oarsom! Betty, in ferfelende klant, hat koartlyn op in staatslot in miljoen wûn. Dêrnei tint se yn útwrydske klean en hat oanstellerich praat. Se beweecht har yn de hegere klassen en komt dêrtroch al gau yn de problemen. Sa’n grut ferskaat fan minsken moat wol liede ta hilaryske tafrielen.
Skriuwer(s):
| EVERS, Evelien |
Titel:
| Soest' fiele wat ik fiel, dan pipest wol oars |
Skreaun yn:
| ? |
Utjoen yn:
| ? |
Te keap:
| 1 |
Oersetter:
| Klijnstra, Roel |
Oarspr. Titel:
| Als je voelt wat ik voel, dan zeg je niets meer |
Ynfierdatum:
| 2016-10-19 |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Dit stik is útjûn troch útjouwerij Vink yn Alkmaar. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Vink keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar. |
Tal froulju:
| 6 |
Tal manlju:
| 4 |