Stone Mansion

It ferhaal spilet yn in âld ferlitten hearehûs yn it Lauwersmargebiet. Eartiids wie de filla eigendom fan de smoarrike John Stone, dy’t der frjemde praktiken op nei hâlde: hy makke it libben fan de minsken yn syn omjouwing ûndraachlik. It stik spilet tsien jier nei syn dea mei syn soan Riek yn in bjusterbaarlike haadrol. Mei de neilittenskip fan syn heit hat er nea wat dwaan kinnen, om’t er yn in ynrjochting bedarre. As er de ynrjochting ferlit, nimt er syn dêr opdiene skizofrene freondinne Sirène mei nei Stone Mansion. Hy hat mar ien doel: wraak nimme op de minsken dy’t syn libben ta in hel makke hawwe. Dat docht er net as Riek, mar as Lord Darrel Grut. Hy lit berjochten de wrâld yngean dat Riek net mear libbet en noeget de erfgenamten út om it besit te ferdielen. It stik begjint mei de komst fan de gasten, allegearre minsken oan wa’t in stekje los is. Yn ’e rin fan de foarstelling wurdt de taskôger stikje by bytsje gewaar wat him eartiids yn Stone Mansion ôfspile hat.
Skriuwer(s): BRUINSMA, Durk
Titel: Stone Mansion
Skreaun yn: 2005
Te keap: 0
Oersetter: Zee, Tryntsje van der
Oarspr. Titel: Stone Mansion
Ynfierdatum: 2007-12-05
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 6