Streek troch de rekken

Paul en suster Lynn hawwe fan harren âlders hotel Aaftink erve. Paul beheart it hotel en Lynn wurket by de plysje. Broer en suster hawwe hieltyd bargebiten. Lynn wol dat it hotel ferkocht wurdt want se wol jild om libje te kinnen. Oars te libjen kinnen. En grif omdat se, mei har freondinne Anne, by de plysje op`e dyk setten binne. Der melde trije frjemde gasten yn it hotel......In mynhear Vrolijk dy nei sizzen de sykte Multiple Personality Syndrome ( MPS) ûnder de lea hat. De iene kear is hy in homofile cowboy, dan wer in bokser, en úteinlik in dokter. Mar yn werklikheid is ús hear Vrolijk in privee detective mei in opjefte. Ek komt der de wat frjemde Waltraut fan Wemelding-Hoogstade mei har tuttige dochter Venus yn it hotel útfanhúzjen. Se dogge harren foar as oft se út in hiele rike famylje komme. Mar se hawwe in hiel oare foarskiednis. Se hawwe al meardere, âldere manlju fan harren miljoenen berôve. Waltraut wol Venus oan Paul keppelje, omdat se te witten kommen is dat hy fiif miljoen ervje sil. Foar't se spoarleas ferdwine wol, wol se as lêste putsje noch efkes fiif miljoen ynkassearje. Venus is net de dochter fan Waltraut. Mar omdat sy wat fan har wit wurdt se twongen har as har dochter te begelieden om sadwaande it fertrouwen te winnen fan dy âlde rike manlju. Venus wol by Waltraut wei, mar wit net wêr dy it jild ferstoppe hat. En se wol dochs wol har oandiel Of oars sein, se wol alles. As Lynn en Anne dêr efterkomme wolle se ek in oandiel yn de bút. Der folget in yngewikkeld spul om de knikkers. Úteinlik pike der twa mei de miljoenen fan Waltraut út.
Skriuwer(s): SNOEREN, Jo
Titel: Streek troch de rekken
Te keap: 1
Oersetter: Krist, Abele
Oarspr. Titel: Streep door de rekening
Ynfierdatum: 2016-06-10
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Grosfeld yn Berlicum (N.Br.). As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Grosfeld keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 2