Suite Kalifornia

Dit stik bestiet út fjouwer koarte toanielstikjes dy’t harren ôfspylje op de keamers 203 en 204 fan it Beverly Hills Hotel. As earsten binne dêr Hannah en William Warren. Se binne njoggen jier lyn by elkoar weigongen. Hannah is yn New York wenjen bleaun en is no allinne op besite by William om te praten oer de takomst fan harren dochter Jenny. Wat earst in wrange toulûkerij om in bern liket te wurden, krijt in ferrassende draai at de skerpe, sarkastyske Hannah ta grutte ferwûndering fan William in hiel oare kant fan harsels sjen lit. Marvin Michaels skrikt ‘m de pleuris at er moarns wekker wurdt mei in dronken hoerke by him yn ‘t bêd. Hy hat ‘m fersliept en syn frou kin elk momint oankomme. Hoewol’t er in bysûnder lokkich houlik hat, koe hy foar ien kear de ferlieding net wjerstean, en no sit er dus mei de brokken. Hy besiket it fanke de keamer út te krijen, mar se is sa stomdronken fan de nacht dêrfoar, dat it him net iens slagget om har út it bêd te krijen. Marvin wringt ‘m yn alderlei bochten om foar te kommen dat syn frou der achter komt, mar fertelt har út einlings doch fan syn misstap. Diana Nichols is in aktrise út Londen. Se is hjir tegearre mei har man Sidney om de útrikking fan de Oscars by te wenjen. Se hopet te winnen, mar dat hat de noadige tsjinslaggen. Sa hat se in piperdjoere jurk oan, wêr’t se har net lekker yn fielt, en ek hat se gjin man dy’t op stjerren leit, wat de sjuery posityf beynfloedzje kinne soe. Se krijt gjin Oscar, en at se midden yn de nacht beide stomdronken en segrinich thúskomme, fiert Diana har lilkens en teloarstelling bot op har man. It liket der op dat harren houlik der oan giet. Frustraasjes dy’t jierrenlang ferswijd binne wurde no einlings útsprutsen. Twa stellen dy’t trije wike mei elkoar op fakânsje west binne befolkje as lêsten de suites 203 en 204. At Beth by it tennisjen in blessuere oan de foet krijt, wyt Mort dit oan it gedrach fan harren freonen. De freonen biede harren help oan, mar dit wurdt net bjuster op priis steld. Alle ergernissen fan de fakânsje komme derút, en op ‘t lêst rint de rûzje sa heech op, dat er slein, skopt en sels biten wurdt. Oan ‘e ein fan it stik lizze se alle fjouwer ferwûne en útteld op dokter te wachtsjen
Skriuwer(s): SIMON, Neil
Titel: Suite Kalifornia
Utjoen yn: 2011
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: California suite
Ynfierdatum: 2011-10-11
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 5