Tritichtûzen doazen / Dertigduizend dozen

De mem fan Joast hat mar ien dream: draglinemasjinist wurde. Omdat doel te berikken is der mar ien oplossing: sollisitearje. Ast der op in dei de lang ferwachte brief binnenkomt mei de meidieling dat der in plakje frij komme is, is mem alhiel út'e skroeven. Einliks in baan! Einliks ferhúsje! Nei Sliedrecht. Joast dy net op'e hichte is fan de plannen fan mim, is alhiel ferstuivere. Hy soe de wiide wrâld wol yn wolle, mar dan wol op in momint dat it him it bêste past. Mar om no al te ferhúsjen - sa gau..? Hoe moat it dan mei Eva, syn freondinne. Dizze tsjinslach komt ek noch ris krekt op it stuit dat er oan it rippetearjen is foar in top tsjien talintenjacht, in elts jier werkommend evenimint om jong muzikaal talint op it spoar te kommen. Joast wol topsjonger wurde en wa de beker wint op'e talintenjacht hat al in goeie stap yn'e rjochting set fan 'e 'showbiz'. De oansteande ferhúsing soarget foar grutte nachtmerjes. Sa ynienen ôfksie nimme moatte fan jins betroude libbentsje blykt dreger te wêzen as min tinkt. As Joast ta syn ferassing de earste priis wint op'e talintenjacht, fiert der noch ien kear feast mei syn klasgenoaten. Sterke troch safolle freonskip lûkt er mei nije moed de wiide wrâld yn. In popster is in wrâldboarger. Sliedrecht here we come! PS Skreaun en komponearre yn opdracht fan de Afûk, spesjaal foar skoallen. It stik is by de Afûk te keap.
Skriuwer(s): WYTSMA,Baukje en Peter Sijbenga (muzyk)
Titel: Tritichtûzen doazen / Dertigduizend dozen
Skreaun yn: 2000
Utjoen yn: 2000
Te keap: 1
Ynfierdatum: 2002-05-22
Dekor: doazen
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 10
Tal manlju: 10