Twa oeren spraekklanken

Sneintemiddei by de famylje Strúksma. Heit sit oan 'e tafel. Twa fan syn dochters mei harren feinten yn 'e sithoeke. De mem rint hinne en wer tusken de keamer en de keuken. Der is in jierdei-achtich feestje om't de jongste dochter har ferloofd hat. Der binne in soad petearen trochinoar dy't net folle om it liif hawwe. De manlju prate oer in nije auto; de froulju oer klean. As der noch mear besite komt nimt it 'spraaklûd' allinnich mar ta. Nei de tee komt de drank. Der wurdt in soad praat, mar net folle sein. KOMMINTAAR: It stikje jout in prachtich byld fan in klisjee-mjittige sneintemiddeisbesite; der wurdt, neffens de itige rolpatroanen, in bulte kletst, mar neat sein. Dúdlike karakters. Benammen it 'krusen' fan de petearen is knap skreaun. As dit stikje spile wurdt, liket it my foaral fan belang om de sfear fan it neatsizzende gejeuzel en tagelyk by mekoar lâns praten fêst te hâlden en net sasear de letterlike tekst. De tekst kin as útgongspunt tsjinje foar fierdere ymprovisaasjes. HB
Skriuwer(s): RIEMERSMA, Trinus
Titel: Twa oeren spraekklanken
Skreaun yn: 1970
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1996-05-17
Dekor: Húskeamer
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 5