Wêr giet it oer?

In plantsoentsje mei in tillefoansel en in bankje, dêr't in man op sit te lêzen. Dan komt in frou op en smyt in kwartsje yn de tillefoan, mar it petear rint mis en se is it kwartsje kwyt. Se freget oan de man oft hy miskien in kwartsje hat. Dat hat er wol, mar hy wol earst witte: "wêr giet it oer?". Se soe wolris opdracht jaan kinne ta in misdied en dêr wol hy net oan meiwurkje. Sy fynt dat belachlik, mar bliuwt dochs oan'e praat mei dizze nuvere keardel. Der folgje in tal healwize en komyske redenerings, dy't net maklik gear te fetsjen binne. By eintsjebeslút jout de frou - dy't ûnderwillens dochs in kwartsje krigen hat - dat kwartsje sûnder nei te tinken ôf oan in man, dy't yndie telefoanyske opdracht jout... ta in misdied. In aardige ienakter yn de styl dy't ek bekend is fan 'Waldolala', 'Het Willy Dobbe plantsoen' en in grutte rige oare tillevyzjeprogramma's fan dizze skriuwer.
Skriuwer(s): SCHIPPERS, Wim T.
Titel: Wêr giet it oer?
Skreaun yn: 198?
Te keap: 0
Oersetter: Boersma, Piter
Oarspr. Titel: Waar gaat het over?
Ynfierdatum: 1999-05-05
Dekor: Plantsoen.
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 3