Wylde Havana

As de âlde autoritêre mynhear Timmer nei in muoisum libben komt te ferstjerren komt er foar’t ljocht as in geastferskining yn in tsjustere romte, nêst syn wenkeamer fan eartiids. Dêr kin er yn alle rêst op syn bern delsjen. As er heard dat de bern ûnder it wekjen syn begraffenis al regele ha ûnder it mom fan: “it mei eins neat kostje “, is hy slim teloarsteld. As er dan ek noch heard dat de erfenis al ferdield wie doe’t er noch libbe, wurdt er poerrazend. Kalmearre troch syn eks-frou (ek in geastferskining) wurdt der weromsjoen op harren rûzich libben fan eartiids. Oan de oare kant litte har bern sjen hoe’t se harren jeugdjierren belibbe ha, ûnderwilens helje se it hûs leech fan de ferstoarne. Stadichoan wurdt it dúdlik wêrom dit gesin sa ûntwoartele wie..Moaie dramatyske mominten en hilaryske scenes wurde sjen litten... In komeedzje mei in laits en in trien, foar in soad minsken o sa werkenber.
Skriuwer(s): LEENDERS, P.
Titel: Wylde Havana
Te keap: 1
Oersetter: Hof, Alle Geart
Oarspr. Titel: Wilde Havanna
Ynfierdatum: 2016-06-13
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Vink yn Alkmaar. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Vink keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 2