Yerma

Yerma is troud mei de boer Juan. It is gjin lokkich houlik. Seksueel fielt Yerma har net ta Juan oanlutsen. Hja wol hiel graach in bern en dêrom frijt hja mei Juan. Juan is in tryste, ferfeelsume man mei mar in bytsje gefoel. Yerma seit fan Juan: "Hy jout my kost en ynwenning". Yerma fielt mear foar Victor, in boer út 'e omkriten. Der wurdt oer Yerma en Viktor praat. Juan hellet dêrom syn twa susters yn 'e hûs om op Yerma te passen. As Yerma ynsjocht dat hja ûnfruchtber bliuwt, wurget hja har man Juan. Kommintaar: It yn 1934 skreaune stik Yerma spilet him ôf op it Spaanske plattelân. In stik dat nochal wat freget oan organisaasje, in protte spilers en dekorbou. Der wurdt gebrûk makke fan lyryske en poëtyske taal. Guon parten binne hielendal yn dichtfoarm. Ek moat in part fan de tekst songen wurde. SP
Skriuwer(s): GARCIA LORCA, Federico
Titel: Yerma
Skreaun yn: 1934
Te keap: 0
Oersetter: Bruinsma, Klaas
Oarspr. Titel: Yerma
Ynfierdatum: 1996-07-03
Dekor: boerehuzinge yn Spanje; op 't lân; waskplak
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 14
Tal manlju: 6