Oer ús
De St.U.F.T. (Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel) is in frijwilligersorganisaasje dy’t alle jierren 22 Fryske toanielstikken útjaan wol mei as doel sa it Fryske amateurtoaniel te stypjen en te stimulearjen.
De stifting docht dit û.o. troch:
- It stimulearjen fan it skriuwen fan oarspronklike Fryske toanielstikken;
- Stikken út it wrâldrepertoire oersette te litten yn it Frysk;
- Oanbeane stikken neisjen te litten op geef Frysk;
- It bieden fan in grut ferskaat oan toanielstikken
û.o. blijspullen, kluchten, drama’s, skrillers, monologen, ienakters en jongereintoaniel.
De aktiviteiten fan de St.U.F.T. wurde finansjeel mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.
Funksjes Bestjoer:
Gerda van der Wijk – Afûkwinkel en útlien boekjes
Jelle Terwal – koördinaasje lêskommisje, kontakt mei oersetters en skriuwers, wurkgroep Repertoire
Geesje Oosterloo – katalogus bywurkje + nije stikken
Anja Dijksma – kontakt mei oersetters en skriuwers
Anne Marie Gaikema – notulen en korreksjes
Sybren Boschma – ponghâlder
Theun Ram – wurkgroep Repertoire
Dick Eekma – foarsitter + behear fan de kontrakten
Gerda van der Wijk, Jelle Terwal, Geesje Oosterloo, Janet Wijnstra, Anne Marie Gaikema, Sybren Boschma, Dick Eekma. Foar Janet Wijnstra is no Anja Dijksma (net op de foto dus) in plak kaam.