De wachtkeamer

Tema: wachtkeamerpraat (yn dit gefal by in ‘helderziende’).
Yn de wachtkeamer sitte: in boekhâlder fan 60 jier, in folksfrou fan 45 jier en in betonarbeider fan 50 jier. Ek in skoaljuffer, dy’t wat apart sit, en 30 jier âld is, heart ta it selskip.
As it begjint lit in foech fanke, dat de pasjinten der yn lit, in grouwe boer troch de doar en dan is it selskip kompleet.
It praat giet lykas yn alle wachtkeamers oer kwalen fan oaren, wylst de eigen skelen leafst ferswijd wurde, al besiket de ien wol efter de oare sines te komen.
As “mefrou” thús is, komt earst de skoaljuffer oan bar en dan de boekhâlder. De boer duorret it te lang, sa’t er seit, bliuwe oer de folksfrou en de betonarbeider. De frou bekent dan oan de man, dat har ta oplossing fan har iensumens in kontakt yn ‘e wachtkeamer yn útsicht stelt is. Hja wol dan de arbeider ek mar foargean litte. Dy seit dat it ek bêst de stasjonswachtkeamer wêze koe. Dan set de frou as de blinder ôf om in perronkaartsje…..

Kakao

Kakao giet oer de moaie Rosanne Pannard dy’t yn it Frânske doarpke Belcourt in bonbonwinkeltsje iepenet. Se makket foar alle bewenners bonbons dy’t oanslute op harren persoanlike smaak. Dêrmei iepenet se de herten fan de doarpsbewenners.

Mem

De mem yn dit stik is net tefreden mei har libben, sy fielt har it sloofke fan man en húshâlding. Sy besiket út dy sfear wei te kommen en mear har sels te wurden. Yn har relaasjes mei oaren docht bliken dat dat net maklik is. De hjoeddeiske problematyk mei syn ûnfrede en machteleazens is ek foar oaren in rem op in ûntjouwing nei eigen aard en fielen.

Brulloft

In selskip oan it brulloftsmiel: wat yn it begjin in goed boargerlike brulloft liket, wurdt yn’e rin fan it stik in mislearre feest. De heit fan’e breid fertelt fierst lange ferhalen, it selsmakke húsrie blykt net te hâlden, de freon fan’e brêgeman sjongt in goar liet en de breid blykt yn ferwachting te wêzen. As de gasten fuort binne skammet it breidspear har, mar úteinlik binne se dochs lokkich meielkoar en kin it harren net mear skele oft it bêd wilens de houliksnacht ek ynsakket.

De keuken

“De keuken” spilet him of yn de “kelderkeuken” fan in grut restaurant, wêr’t 30 sjefs, servearsters en oar keukenpersoniel stadichoan begjinne mei de tariedingen fan in op te tsjinjen lunsj fan dy dei.
Der bart fansel fan alles rûnom alle personaazjes, mar de reade tried is in frustrearre leafde tusken in jonge Dútske sjef, Peter, en in troude ingelske servearster, Monique.

Frisia Ave

Kening Freark en Keninf Melle, wenje mei frou en bern op in terp yn it noarden fan Fryslân. Se kinne mei muoite de fuotten droech hâlde. Eins is it gjin wurk. Se wolle dan ek graach earne oars wenje. Fan hearren en sizzen witte se dat der net ien yn it Goai wennet. De Romeinen ha dit stik lân beset. Net ien mei der wenje. Freark en Melle beslúte nei keizer Nero yn Rome te gean, om him te freegjen oft se yn it Goai wenje meie. Us friezen gean nei Rome. Dêr treffe se Ceasar Nero. Fan him hearre se dat it net tastien is yn it Goai te wenjen. Allinne as se better sjonge kinne, meie de friezen in stikje eigen grûn. Fansels winne de friezen Frisia cantat! Se sjogge letter pas dat se tastimming krigen ha om oan’e Boarn te wenjen, it lân dat se al koenen.

NB
Opfierd as Berne-iepenloftspul; première 16 juny 1995 yn Winsum.

Senuwbehanneling yn ‘e fakânsje

Eelco van Balen sil mei fakânsje en syn assistinte Ine sit efter him oan, bang dat er de trein net mear helje sil. Dan komt der noch in jonge frou mei slim pinemûle…. Dan dy ek noch mar helpe. Dan komt op it alderûngelegenste stuit ek noch syn omkesizzer Aldert om him wat jild te freegjen. Hawar, Aldert kriget niget oan Ine en Eelco mei syn pinemûlepasjinte hiel wol lije. As Eelco einlings en te’n lêsten de doar út is, ferskynt der in ynbrekker op it toaniel en dy nimt it djoere postsegelalbum fan Eelco mei, dêr’t Ine op passe soe.
Letter docht bliken dat Aldert de dief te fluch ôf west hat, want dy komt yn it twadde bedriuw mei it kostbere album opdaagjen. Ine hat Eelco by de grins werom roppe kinnen, dat dy is gau wer thús.
Yn it lêst krije Aldert en Ine elkoar en wurde Eelco en Aleida it ek iens, al hat dat nochal wat fuotten yn ’t gat. De dief, sa docht bliken, is de man fan Sijke, dy’t in skoft lyn by har weirûn is.
En Sijke is de fertelster, dy’t de ferfrysker oan it stik tafoege hat.
Om’t de spyltiid sawat fiif kertier beslacht, lient it stik him foar oanfolling op sjong- en muzyk- en soksoarte jûnen.

Houliks- en detectiveburo

Bonne de Boer, sa’n 20 jier, hat in keamer mei kost by in mem mei har dochter Gerbrich, de lêste fan syn jierren.
Hy hat yn ‘e krante in meiwurker frege foar in affearen dat er begjinne wol; hoe en wat krekt wit er sels noch net rjocht.
Feike Koopmans, like âld sawat, biedt him oan en se wurde it iens oer it oangean fan in houliks- en detective-buro, dêr’t Bonne de direkteur fan wurdt en Feike syn assistint.
Under it each fan Gerbrich, dy’t mei kofje tôget, sette de mannen mei harren wurk út ein. Der komme klanten en de earste provyzje rôlet yn it laadsje.
Allehande brike sitewaasjes komme se foar te stean en de ein is in ‘happy end’, want Feike en Gerbrich wurde in pear.

Foar begjinnende ferienings of skoalleklubs ûnder betûfte lieding oanrikkemedearre!

Picknick op it slachfjild

It earste stik fan’e spaansk-marrokaanske Arrabal. Mei dit absurde stik wurdt it sinleaze moardzjen fan in oarloch toand. Alders besykje mei harren soan Zapo, in soldaat op it slachfjild, te picknicken. Se noegje ek de kriichsfinzene Zepo út om mei harren te iten. Se slute freonskip en soene graach de oarloch stopje litte wolle. Dan wurde se troch in oanfal ferrast en deade, sûnder te begripen wat harren oerkomt.

Wy bin’jo net fergetten

Vitaly Pomaz, in dichter fan achter it izeren gerdyn, is fiif jier ferlyn al ris offisjeel warskôge troch de autoriteiten dat hy ophâlde moast mei it skriuwen fan gedichten dy’t de steat gjin goed dogge. No is it wer sa fier dat hy op it matsje roppen wurdt. Trije funksjonarissen ûnderfreegje him oer syn lêste aktiviteiten. Mar hy jout gjin krimp en kin even letter mei de holle omheech nei hûs.
KOMMINTAAR:
Dit stik is yn 1988 mei in protte sukses opfierd tidens in
toanielfestival yn Tilburg. Fansels is der nei dy tiid in soad
feroare wat de lannen achter it izeren gerdyn oanbelanget. It
is in, net maklike, mar wol nijsgierrige ienakter, dy’t sa wol
troch manlju as froulju spile wurde kin.

GD