Famylje Bruinsma yn ‘e bocht / Groetnis fan de Veluwe
Beppe wint de earste priis mei in kryptogram: in wike mei fjouwer persoanen yn in karavan op ‘e Veluwe. Mei skoansoan, dochter, en beppesizzer ferskynt sy op ‘e kamping. Dizze minsken binne wend harren fakânsjes yn in hotel mei fiif stjerren troch te bringen. It kampearen is foar harren dan ek in folslein nije wrâld. Dat jildt net foar de famylje Bruinsma. Heit Sjef, mem Truus en soan Boris ha faker mei dizze bile hakt. Mei sokke tsjinstellingen kinne konfrontaasjes tusken beide famyljes dan ek net útbliuwe.