Cranky box

In net-realistysk stik, dat oer relaasjes giet. Mei net-realistysk wurdt yn it foarste plak bedoeld, dat it net om in konkreet oantsjut plak of tiid giet. In spylflier en in pear stuollen is yn wêzen al
genoch. Ek it uterlik en sels it karakter fan de personaazjes binne net wichtich. It giet om de útwerking dy’t minsken op inoar hawwe.
De tekst bestiet yn syn gehiel út fjirtjin sênes, dêryn wurde hieltyd twa as trije minsken mei-inoar konfrontearre. Alle sênes steane min ofte mear op harren sels, mar yn in oantal gefallen lykje de personaazjes yn guon sênes bot op dy yn oare sênes. De situaasjes dogge wat sketsmjittich oan, mar binne dêrom net minder sprekkend. It gehiel hat wat fan in tekenstrip, of fan in oefening foar akteurs. (De tekst is ek skreaun op grûn fan ymprovisaasjes fan akteurs).
Soest al ien tema yn al dy sênes oanwize kinne, dan is it, dat minsken hieltyd fertiesd reitsje yn de ferwachtings dy’t se fan inoar of fan harrensels hawwe.
Dat heart swierder as it is. Absurde en foaral komyske draaiings wurde troch Herzberg net mijd.

Kommintaar:
In poerbêst stik foar in groepke akteurs dat fral spylje wol, sûnder omballings derom hinne.
Hilbert Dijkstra hat it stikje yn 1992 foar it amateurteaterfestival yn Drachten regisearre. Dêr die bliken dat sels in stik dat der foar guon wat ‘eksperiminteel’ út sjocht, in hiel smaaklike foarstelling
opsmite kin.

HB