As de froutsjes fan hûs binne

At Loes en Ester, de frou en de skoanmem fan Frank, der foar in pear dagen op út binne, hat Frank it ryk allinne om syn blind-date Cora te sjen. Hy hat har útnûge dy pear dagen by him te kommen. Dizze moeting wurdt foar him lykwols ien grut rampeplan. De iene nei de oare falt by ‘m binnen, syn buorman en freon Kees, syn heit Maarten en ek Willemien, de freondinne fan syn heit. At Loes en Ester ûnferwachts wer thús komme, brekt der by Frank panyk ut. Dochs wit er de situaasje blykber nei syn hân te setten, mar bringt dêrmei oaren yn in ûnmooglike posysje. Hy hat sels alle gelok fan de wrâld, sa t syn heit regelmjittich seit. Sels at op de ein alles ferkeard driget te gean.