Yn harren hûs tichtby see, fier fan it drokke Londen, wachtsje Kate en har man David op Anna, in freondin fan Kate, dêr’t se sa’n tweintich jier ferlyn in flat mei dielde yn Londen.
Anna, dy’t op Sicilie wennet, komt op besite om wer oer de dierbere freonskip te praten en om mei de man fan Kate yn ’e kunde te kommen.
It weromsjen fan de beide froulju hellet oantinkens op út it ferline. Mar der is gjin sprake fan in ûnskuldige konversaasje – ûnder de wurden en it gedrach sitte spanningen ferskûle, ûnrêst, ûnwissichheden en in ferlet om jin jilde te litten. Wat Anna en Kate foar elkoar betsjut hawwe en miskien noch betsjutte kinne én de relaasje tusken Kate en David – dit alles jout Anna en David it gefoel dat se elkoar om in plak yn it libben en yn it hert fan Kate bestride moatte.
De oantinkens dy’t ophelle wurde, binne gjin dielde, objektive bylden út in dield ferline. Elk hat syn eigen oantinkens, de ferbylding en de realiteit rinne trochelkoar, en dat binne dan wer de wapens dy’t brûkber binne yn de ûntstiene machtsstriid.