In wyt boesgroen
It stik spilet yn in efterôfhoeke fan Madrid. Toaniel: in strjitsje, in krotwenninkje fan Juan en Lola mei harren beide bern en beppe, de gevel fan in kroechje; op ‘e eftergrûn twa-heech arbeiderswenten mei in galerij. Probleem: de wurkloasheid dy’t yn gâns arbeidershúshâldingen need en ellinde teweechbringt, mei fan gefolgen dat de iene nei de oare syn en har heil siket yn it bûtelân. Juan sit ek al lang sûnder wurk, mar kin der net ta komme en sykje syn taflecht bûten syn eigen lân, lykas safolle fan syn maten. Syn frou, Lola, kin op ’n stuit de earmoede net mear oansjen en beslút yn syn plak de kost yn ’t bûtelân te fertsjinjen. Dat bringt har man yn in krisis: hy wurdt stymsk, rint om as in aaisiik hin en is bytiden net te brûken. As it oan ’t ôfreizgjen ta is, is Juan nearne te finen. Wêr mei er wol net sitte en wa wit as er net…. Aldergeloks ferskynt er op it lêste stuit en wurdt it skeel bylein. Sa is der by it ôfskie dochs wer de iensens yn ‘e húshâlding, dy’t der wêze moat, sil it fuortgean fan de frou sin en doel hawwe.
Om dit tema hinne jout it stik in brok libben, mei kostlike folkstypen fan allerhande slach. It lient him foar sealtoaniel (mar dan wol rojaal!) sagoed as iepenloft.
De titel tsjut op in âld gebrûk yn Spanje dat in man dy’t om wurk siket, him yn in wyt oerhimd klaait, wol er kâns meitsje.