Korczak en de bern

De Poalsk / Joadske bernedokter / pedagooch en weeshûsdirekteur Janusz Korczak liet him yn 1942 frijwillich nei de gaskeamers fan it fernietigingskamp Treblinka liede, om’t hy de Joadske bern út syn weeshûs net yn ‘e steek litte woe. Mar hoe frijwillich is in died as je eins gjin oare kar ha? Al jong beslute Korczak nea te liigen. ( ‘Wa ’t God erkent, liicht net’). Hoe hie hy de bern gerêst stelle kinnen mei syn belofte harren net te ferlitten, as hy oan de doaren fan de dea omkeard wie? It ferhaal fan Korczak wurdt troch fjouwer akteurs ferteld, net spile. Se bliuwe it hiele stik akteurs, dy’t sênes ôfwikselje mei harren eigen refleksje en fragen oer de dilemma’s fan de karakters dy’t se spylje. It stik hat iroanyske humor, wêrtroch it net moralistysk of dweperich wurdt. Likemin wurdt der fan Korczak in hillige makke. Ek de Dútske nazi- kommandant, dy’t Korczak de kar jout syn eigen libben te sparjen, kriget de kâns om syn ferhaal te dwaan. Ek hy hat in ferline. Ek hy leaut yn it goede fan wat hy docht. Beide mannen binne ree om ûnderdanich wêzen: de iene oan syn God, de oare oan Hitler. Fiifensechtich bern sieten yn it weeshûs fan Janusz Korczak. “Geane jim straks mei, bern, as ik in hiele lang reis meitsjen gean?” freget hy harren. “Ik sil altyd by jimme bliuwe, oant it lêste momint.”

Don Camillo en de lytse wrâld

It stik lit in lyts tiidrekje sjen út it begjin fan de fyftiger jierren yn in doarpke yn it noarden fan Itaalje op it stuit dat de kommunisten de ferkiezings fan de gemeenterie wûn hawwe. Der ûntstiet in machtsstriid tusken de nije boargemaster Peppone en de pryster Don Camillo. De iennige dy’t boppe de partijen stiet is Kristus, dy’t as it gewisse fan Camillo sa no en dan syn sechje seit.

In soele simmerjoun

It stik spilet him ôf by de famylje Palmer, op in neare simmerjûn, begjin jierren sechtig.

It prielbêd

It ‘Prielbêd’ spilet him ôf yn ‘e sliepkeamer en it earste bedriuw begjint mei de houliksnacht. It twadde bedriuw spilet 10 jier letter en it tredde bedriuw nochris 5 jier letter.
Yn wêzen sjogge je yn dit stik it ferrin fan in houlik yn ‘e rin fan ‘e jierren. It begjint yn ‘e houliksnacht wêr ’t de man en de frou noch oan elkoar wenne moatte en o sa fereale binne.
Yn ‘e rin fan it stik komme ek de minder aardige kanten fan de minsken oan it ljocht en hoe ’t se troch ferskillende karakters út inoar groeie kinne. Lykwol se hâlde it meiinoar út
en oan ‘e ein fan it stik, as se werom sjogge op de ôfrûne jierren, komme se ta de konklúzje dat it allegear sa min noch net wie.

De oansteller

Ut de wenninkjes foar âlderein hawwe trije pearen op har nommen om wat blommen en strûken foar de gemeente te plantsjen. Mar ien fan’e manlju is ôfgryslike lui, behalven as er oan’t biljerten is. De oaren besykje mei ynstimming fan syn frou him dizze kwaal ôf te learen. It slagget harren en praat him siik en it komt safier hinne dat se de ambulânse roppe om him yn’t sikehûs te bringen. De oare beide manlju komme yn wite jassen en in pear stokken mei in lekken der oer as brancard en der wurd ús maat op lein. As se dan de stokken optille, strûpt it lekken der ôf en hy bliuwt op’e grûn lizzen. Dan pas is’t him dúdlik wat se mei him útheve en hy springt feardich oerein, tewyl’t de oaren him tasjonge fan: ” Altijd is Kortjakje ziek, midden in de week maar zondags niet”.

In liepe spoarman

Op de grins fan Underlân en Boppelân stiet it wachthúske fan Boemke. Omdat de keningen fan Underlân en Boppelân, dy’t earder grutte kammeraten wiene, spul krije (de iene hat 9 en de oare 11 tosken yn syn kroan) komt it treinferkear stil te lizzen. Boemke, dy’t neat mear te dwaan hat, leit in griente- en blommetún oan tusken de rails. Syn famke skriuwt brieven mei goede ried nei de twa keningen (in tosk fan de iene kroan ôfseagje en dy op’e oare sette) en de keningen wurde it wer iens. De trein komt der wer, mar de rails wurde om Boemke syn túntsje hinne lein.

Slippers

In jong frommeske, dat al inkelde jierren omgong hân hat mei in troud man, kriget kunde oan in kreas jongfeint, dêr’t se fereale op wurdt. Se kin lykwols mar min fan de troude man ôfkomme. Se seit tsjin har feint dat se in wykein nei har âlden ta sil. Hy wol dan mei, mar dat keart se, omdat it har doel is om nei har âlde freon, dy’t har hieltyd noch bellet en attinsjes stjoert. Se wol it foargoed mei him ôfbreidzje. Tafallich fynt de jongeman it adres fan de âlde, mar se seit dat it fan har âldelju is. De jongfeint wol har ferrasse en giet de oare moarns betiid nei dat adres en wit net better of hy komt by har âlden telâne. In nuvere sitewaasje fansels. Dêr komt by dat har saneamde heit (de man dus dy’t de slipperkes makke) der syn frou fan fertinkt omgong mei in oare man te hawwen. Dy mient dus dat de jonge man it skarreltsje fan syn frou is, wylst de jongeman him de hân fan syn dochter freegje wol. De frou, dy’t har mem hjit te wêzen, begrypt fan it hiele spul neat, mar spilet dochs mar mei.
De sitewaasje wurdt noch helte yngewikkelder as de jongedame efkes letter ek noch arrivearret. Dy en de troude man kenne elkoar, mar wolle dat net skine litte. Hjir spilet dan noch trochhinne dat de jongfeint op ‘e keamer fan syn faam ûnder it bêd in pear slippers fûn hat, dy’t him ôfgryslik oergeunstich en wantrouwich meitsje. Hy hat dy yn syn wykeintas dien en as er yn dy tas omklaut om syn beurs te sykjen, triuwt er de troude frou ûngemurken de slippers yn ‘e hannen.
Dy frou wurdt heislike kjel, want se mient der de toffels fan har man yn te kennen.

Jou se de romte!

Yn it steatlike hûs fan de van Staverens (twa broers fan by de santich en in folle jongere suster) wurdt hommels de ‘ivige rêst en frede’ fersteurd, trochdat in wat bluisterige, net al te bêst bekend steande húshâlding der út need fan gemeentewege in tydlik ûnderkommen kriget.
It binne in heit (heel yn ‘e fierte noch mei spaansk bloed), dy’t fan alles by d’ein hân hat en no ‘artyst’ is fan syn fak – mar boppe alles libbens-artyst fan aard – mei fjouwer grutte bern, dy’t de sprong út ‘e krottebuert wei nei de ‘romte om te libjen’ wakker oanstiet en op harren manear belibje en uterje.
Jenny, de húshâldster by de van Staverens (goed sechstich), wurdt ridlik gau oanstutsen troch de spontaniteit en it libbensgeniet dat fan elk fan dizze minsken ôfstrielet en Maria (al wol se ’t net wêze) komt ek linkenoan mear ta it besef dat der oant no ta op dit âlderlik stee eins allinne mar wenne is, mar net libbe! En ek hoe ’t se harsels en oaren har libben lang tekoart dien hat, troch yn it sok fan har broers de dagen yn iensumheid en ôfsûndering te sliten.
It is net dwaanlik om yn in mennich rigels it ferrin en de tragy-komyske ein fan dizze ‘moeting fan twa generaasjes’ te skilderjen. Dêrfoar bart der fierstentefolle, by allegearre.

Op bleate fuotten

It stik spilet him ôf op in tige himpene behuzinge op ‘e souderferdjipping fan in âld hearehûs in New York City, dêr’t twa pas troude jongelju har nei wenjen sette. Wenjen kin ’t noch amper neamd wurde, want de meubels moatte noch komme, de koffers mei spullen steane noch yn ’t hûndert om en Corie, de jonge frou, is noch mar justjes ree mei keamer-fervjen. En al hoe hean en sutrich as ’t fierder ek lykje mei, se set mei ynmoed út ein en sjucht mei langstme út nei de komst fan har Paul. Mar dat wurdt al daliks in rare ôffaller; net allinne syn kommentaar is frijwat lau, mar boppedat moat er fuortdaliks mei in dossier te set foar syn earste pleitsaak by de rjuchtbank – en dat amper sonder sit yn in optrekje sonder ferwaarming. Mar dêr bliuwt it net by: pûstend en hymjend komt Corie har mem al fuortdaliks brân-nijsgjirrich de seis treppen op en se docht neat as bearen oer de fernimstigens fan har dochter as dy har útleit hoe moai ’t it allegearre wurde sil.
En fuortdêrnei komme se yn ‘e kunde mei in frjemdsoartige buorman op jierren, Victor Velasco, dy’t graach even fan har sliepkeamer gebrûk meitsje wol om sa yn syn eigen keamer te kommen…. net om ’t er syn kaai kwyt is, mar om ’t er yn ’t kryt stiet mei de hier. De man noeget him sels daliks mar út op besite dan en dan, hy is alderaardichst yn ’t oankommen, dat….. no ja, wêrom net.
Dat wurdt fansels in moeting mei Paul, dy’t foar har allegearre, en benammen foar de mem, net sonder gefolgen bliuwt – mar oars as dat men út dit koarte episteltsje faaks opmeitsje soe.
Tragy-komysk soe men it stik neame kinne en fral de ein is sa ferrassend sterk, dat it allinne dêrom al noeget ta lêzen.
It freget in hele geve besetting om it ta syn rjocht komme te litten, dat wol!

Opskuor yn ‘e pastorij

De direksje fan de Ljouwerter Kaugomfabriken hat in haadpriis fan in puzzlewedstriid (10.000 gûne) oan in ienfâldige doarpsdomeny tawiisd, dêr’t er by syn witten net oan meidien hat. Alle middels wurde lykwols te baat nommen om fan it útrikken fan ‘e priis in reklamestunt fan komsa te meitsjen en it doarp en it fanfare dogge dêr harres ta. Mar domeny hâldt foet by stik: it moat in fersin wêze, en op it hichtepunt fan de huldiging skuort er de chèque foar de mannichte yn twaën.
No hat er it net ret: it hiele doarp, ek syn eigen bern, falle him ôf en sels Rikele Boelsma, de tige orthodokse boer, dy’t him yvich en altyd dwers sit om de ‘leare’, sprekt skande oer dit dwaan, dat er útleit as ferset tsjin in woldied fan hegerhân…..
De reklame-liedster fan de firma lykwols, dreaun troch har sympathy foar de widner-domeny, kriget begryp foar de sitewaasje en wit mei in nije fynst it betrouwen fan de lju yn har foargonger yn ien klap werom te winnen.

In gast op ‘e pleats

In wiete rite yn in tiid dat it spul driuwend fan it lân moat, is foar in boer net noflik en as op in stuit dan ek noch de man fan de ‘combine’ siik rekket, kin men jin yntinke dat de boer net al te bêst te brûken is. Sa giet it ek Freark de Jong yn dit stik. Hy is syn ried te’n ein en syn frou, dy’t oan him dochs al te koart kaam de lêste tiid, hat it slim te ferduorjen. Mar as in Godswonder bringt in Spaanske ‘gastarbeider’ rêding op it stuit dat de need op ’t heechst is. De man hat boppedat as minske wat oer him dat makket dat de brinne sa goed as de faam him lette en sette; en dat giet de boer op ’t lêst oer de hege skuon. It draait út op fertochtmeitsjen, fral om ’t er sa efterhâldend is, de frjemdling, mei syn famylje-omstannichheden dêr jinsen. En as de boer op in stuit yn ‘e wenkeamer Tanje, de brinne, mei Antonio dûnsjen sjucht, driget de bom te barsten.
Mar Danjel, de boer syn broer, wit him de eagen iepen te meitsjen foar syn eigen tekoartkommen foar Tanja oer en as bliken docht dat de ‘gast’ neat minder is as in direkteurssoan fan in grut masinefabryk en der op útstjoerd is om rûnom tusken it ‘gewoane folk’ te stean, dan wit de boer mei syn wurdearring kwalik ried. En dat net allinne; hy sjucht yn dat troch syn eigen tadwaan Tanja drige ta te jaan oan in opkomende leafde foar in ‘frjemd’.

Doe’t Maartsje kaam

It stik spilet him ôf yn ‘e wenkeamer fan de famylje Notaris Kolstee jr.: heit, mem en soan Gerlof. Pake Kolstee, al sûnt jierren widner, eartiids ek notaris op it selde stee, wennet by harren yn.
Yn tsjinstelling ta syn min of mear âldstilige soan, tilt Kolstee senior net sa swier oan it libben, alteast dêr giet er troch syn deistige dwaan en litten foar troch, en dat ‘plaatsje’, libbensgenieter en allemansfreon (benammen fan froulju) te wêzen, liket er him ek op foar te stean.
As bliken docht dat – neffens ynformaasjes fan ‘maatskiplik wurk’ – Maartsje troch de tsjintwurdige notaris Jehannes Kolstee in tweintich jier lyn om fierrens op ‘e wrâld set is, slacht dy tiding yn as in bom, net allinne by syn frou, mar foaral by de soan, dy’t syn takomstferwachtingen yn reek opgean sjocht: Maartsje soe eins syn bloedeigen suster wêze en dus……
As Pake nei gâns trelit in doekje iependocht fan in ferhâlding eartiids, sonder te witten fan ‘e gefolgen en dúdlik wurdt dat troch namme-ferwikseling de ‘skuld’ oan notaris jr. taskreaun is, stiet de jongelju wetlik neat mear yn ‘e wei om de lapen byelkoar te smiten, alteast as se der foar soargje dat der gjin neiteam komt. Mar Pake syn iepenhartigens giet fierder: wat foar syn soan oantnota stilhâlden is, wurdt him no te witten dien: hy is as fûnling destiids it notarishûs ynhelle en hat sadwaande wòl de namme Kolstee meikrigen met net it bloed. Mei dizze ferklearring reitsje alle beswieren fan ‘e loft om romte te meitsjen foar gelok en frede.

It konsert

Gustav Heink, in pianist, seit tsjin syn learlingen, dat er ûnferwachts fuort moat, omdat er in konsert jaan sil. Syn frou Mary makket er wiis, dat er oan rêst ta is en in pear dagen bei harren simmerferbliuw ta wol. Alle froulju binne sljocht mei Gustav en ien fan syn learlingen fertrout dit “útsje” net, temear, om ’t in oare learlinge, frou Jura, ek in pear dagen fuort is. Hja stjoert oan mynhear Jura in tillegram mei it berjocht, dat syn frou mei Gustav op stap is.
Mynhear Jura, yn de ferûnderstelling dat de frou fan Gustav him it tillegram stjoerd hat, giet nei har ta en fertelt har syn opfettingen oer trou en ûntrou yn leafdesrelaasjes en stelt har út, tegearre nei it simmerferbliuw te riden. Dêr treffe hja Gustav en frou Jura. Mary, dy ’t tige fan har man hâldt, slagget it mei gâns omwegen de pearen wer yn de âlde foegen te krijen.
Mar hoe maklik as in man him út balâns bringe lit docht bliken, as oan ‘e ein fan it stik in learlinge by Gustav nochris alles op alles set.

It rydbewiis

Karel en Willy harren freondinne Ria moat wer rydeksamen dwaan; se is al in kearmannich sakke en hat eksamenfrees. No hat Willy har tasein dat Karel, de man dy’t har it eksamen ôfnimt, faaks wol even skilje wol, want it is in goede freon fan him. Ria komt mei har boadskip en Karel docht tige joviaal, draait, dêr’t Ria by is, sabeare it telefoannûmer fan syn freon en hat gâns in petear mei him. Hy jout Ria noch inkele oanwizingen en dan kin dy mar gerêst it eksamen oangean.
De deis fan it eksamen hearre se by Karel-en-har earst neat, mar op it lêst komt Ria oansetten. Se hat in papierke krigen, mar kin der gjin wys út wurde en mient dat se wer sakke is. Karel skillet de eksaminator wer op – sabeare – en seit dat it allegearre bot ynoarder is. Ria noeget harren dan út foar in itentsje en as se harren ophellet docht bliken dat de eksaminator ek noege is. It is in jonge man, dy’t net ien fan de trije ken.
It komt dan út dat dy jongeman in omkesizzer fan de eksaminator is en tagelyk wurdt it Ria dúdlik dat se der tusken nommen is. Dat jout yn earste opslach gâns trelit, mar de jongeman stekt de helpende hân út en sadwaande wurde hy en Ria it samar iens, en sa reitsje dy beide de doar út. Karel en Willy bliuwe efter en hawwe wille as wetter.

Noch jierren nei hjoed

It is Piter Kupers syn jierdei en der is alles by opset om der in moaie dei fan te meitsjen. Mar de wille wurdt danich fersteurd as der blommen en presintsjes brocht wurde fan dizze en soartgelikense ynhâld:
‘Noch jierren en jierren, leave Pyt fan Riny en Boukje en fan Gryt’.
Hoe’t Piter foar syn frou en syn skoanmem ek úthâldt dat er fan dizze “oanbidders” neat ôf wit, it is harren net by te bringen dat hjir in misferstân of in flauwe grap yn ’t spul wêze moat.
Aldergeloks komt alles wer op syn poatsjes terjuchte, neidat bliken dien hat dat “Pake Pyt”, dy’t by de famylje ynwennet, al jierren lang in stille begeunstiger fan it pleatslik frouljuskoar west hat en troch ferwikseling fan namme hjoed op syn bar yn ‘e blomkes set wurdt….

Operaasje 65+

Der barre rare dingen yn it doarp fan Sytse en Aaltsje; de iene ynbraak folget de oare, mar de dieder hat sa’t skynt mear aardichheid oan it spul as oan ‘e knikkerts, want der is noait wat wei.
De eigenaardige útlittingen fan pake Japik yn dizze snuorje meitsje dat Sytse in skalk each op ‘e âld man begjint te krijen.
Nei fûl ferset fan syn frou besiket er syn fertinking yn it bewiis omsette te kinnen. Mar hy komt by eintsjebeslút raar te pal as in plysjeman komt, net om pake, mar om him sels….

Ferballe

It stikje spilet him ôf yn it kantoar fan in flechtlingekamp, earne yn it easten fan Europa, nei de twadde wrâldkriich. Haadpersoan is de administrateur, Igor neamd, dy’t ta taak hat, nij-ynkommelingen te ûnderfreegjen en ‘yn it systeem op te bergjen’.
Troch dit wurk liket him alle minsklikens frjemd wurden te wêzen. Mar as in jonge frou, Wanja, wurch en ûngedien, har oankundiget, dy’t op syk is nei har jonkje dat se ûnderweis yn ‘e barre winter kwyt rekke is, en dat flak foar de Krystdagen, dan….

By de frou útfanhûs

Freark hat as begjinnend komponist al gâns wyskes nei útjouwer Kolkman stjoerd, mar der komt taal noch teken op werom oant no ta. As troud man dan troch de tiid te kommen – mei in frou dy’t der ek noch in faam op neihâldt – falt him swier. Dat it is alle moannen wer in útkomst dat de sjek fan Elske-muoi komt, dy’t wakkere heech by Leentsje har stúdzje opsjocht, net wittende dat dy al twa jier lyn troud is en dat har sintsjes foar it grutste part foar oare doelen bestege wurde.
Ynienen komt muoike útfanhûs en treft se by Leen dus in man oan. De manljushaat, dêr’t se har altyd op foarstien hat, slacht om yn ferealens sa’t it liket op Freark, dêr’t de muoikesizzers beide glêdferlegen mei wurde. En de aap komt pas út ‘e mouwe, as der in oare ûnbekende man (muoike har frijer-per-brief) oer de flier komt, net ien minder as… minhear Kolkman.
It seit himsels dat by eintsjebeslút alles op syn poatsjes telâne komt, mar hoe?!

Acht froulju

Op in moarntiid om Krysttiid hinne komt de âldste dochter thús fan har kostskoalle yn Ingelân, elk is like optein. Dat feroaret as bliken docht dat heit op syn keamer deastutsen is mei in dolk, de telefoan ôfsnien is, de auto ûnklear makke, de hûnen ferjûn binne en de útgong fan it hiem blokkearre is. Opsluten meiinoar, begjinne de froulju fan alles nei te gean en dan komt it: beppe is in nepert, mem woe by heit wei, tante is hysterysk en begnúft elk, de âldste dochter moat in bern ha, de húshâldster hat kaartskulden by de baas, de faam hie in ferhâlding mei him, syn suster hat tippele en sjantearre him en de jongste dochter is in oerkommeling.
Dan docht de jongste dochter út’e doeken, dat se gearspand hat mei heit om gewaar te wurden hoe’t de froulju echt binne as it masker fallen is. Sy hat in sabeare moard yn sêne set en in mikrofoan yn’e keamer ferstoppe….