Klaas en Klaske
Sintraal yn dit stik stiet de leafde fan Klaas en Klaske.
It is merke yn ‘e stêd en Klaske hat nocht om ris goed wille te meitsjen. Klaas hat lykwols krekt syn ûntslach oansein krigen en de holle stiet him net nei feestfieren. Dat jout gedonder en de relaasje komt op skerp te stean. Klaske wol har sin trochsette en giet de merke op. Klaas kin dit net sette. Se easkje begryp fan inoar en dat draait út op konfrontaasjes.