De famylje Grientetún

De famylje Grientetún hat menear Balgehak, in âldere frijfeint, útnoege ris op de tee te kommen. Balgehak sjocht wol brea yn it kontakt mei de famylje, sa fertelt er de faam: hy hoopt dat se ynvestearje kinne yn syn âldedeifoarsjenning. Mar der kriget er de kâns net foar. Dizze minsken binne sa mei harren sels dwaande. Menear en mefrou Grientetún hawwe in min houlik en ûnder de tee wurdt der fochten. Sawol mei taal as lichaamlik wurdt de striid hieltyd fûler. Op it lêst stiet Balgehak tusken harren yn wylst de frou mei in revolver op har man sjitte wol. Hy wurdt yn syn bil sketten. De boel wurdt yn brân stutsen en ta beslút kriget er noch in amer wetter oer him hinne.