Sechstich gram fergif

In apteker hat by fersin oan ien fan syn klanten fergif jûn as medisyn foar in lyts bern. Syn feint bringt him ta dy konklúzje as er in fleske fynt dêr’t dat spul út tape is. De man sjocht de gefolgen al foar him: it bern dea, hy efter de doarren, in proses, de saak nei de barbysjes, de skande en wat al net mear. De feint en ek syn frou riede him oan om te flachtsjen nei it bûtenlân. De frou pakt gau in koffer yn en de feint is ree om it affearen oer te nimmen. Mar dat wegert ús apteker, want hy rekkent dat er noch ris werom komme sil.
De spanning rint op omdat se elk stuit de plysje ferwachtsje kinne. As de frou en de feint him efkes allinne litte om it spoarboekje te sykjen, komt der in famke yn ‘e winkel dy’t him fertelt dat har mem fan ‘e moarn in medisyn helle hat foar har broerke en dat dy dat net mear hoegde omdat er hielendal better wie. It fleske hat se by har en ferduld….. it is it fleske mei fergif.
As syn frou en de feint wer opdaagjen komme, nimt de apteker ynienen in hiel oare hâlding oan: hy seit dat er in ‘psychologysk eksperimint’ op harren tapasse wollen hat en dat se der nuver opsteane fanwege har réaksjes. Hy jout harren de kar: de doar út of: fuortoan dwaan sa’t hy wol.
De frou en de feint, dy’t oars wol trije kear om him hinne koene, jouwe no belies – en dàt hat er der by einsluten mei wûn.