Yn Adam’s kostúm

It giet om in âldfeint, dy’t njonken wat besit ek diamanten hjit te hawwen. Hy is ferstoarn en dêr komme alle omkesizzers mei oantrouden op ta setten; de measten taalden oant no ta net nei omke. Se fertrouwe mekoar foar gjin stoer – gjinien hat de moed om oanjefte te dwaan, ek it minske net dat wolris in hân foar d’âldman útstiek. As se it nei gâns hakketakje sawat iens wurden binne oer it ferpartsjen, dan komt omke libbensliif troch de doar en sette de measten fan ‘e famylje gau op hûs ta.
In aardich blijspul, dat folop faasje ferget, omdat der gauris in hiele kliber spilers tagelyk op binne en foaral omdat it praat eins oanienwei oer ien en it selde giet: it hoe en wat fan it ferstjerren en it hawwen en krijen. De typearring sil it dus fierhinne fan ôfhingje oft in útfiering mei dit stik slagget.

Hèdunon

Yn dit stik wurdt behannele de ynfloed fan ferdôvjende middels, byg. drugs, op minske en maatskippij. Underskate scènes litte sjen en hearre dat sa’n middel de minske minder agressyf makket, guodliker, weaker en dat er him dêrtroch better foarstelle kin wat der yn oaren omgiet, wat oaren beweecht, koartom dat der dingen ta ûntjouwing komme dy’t no as efterbleaune gebieten slomje.
Mar it stik lit ek sjen hoe ’t oaren, dy’t it middel net brûke, dêr op reagearje. By in jong pearke bygelyks, dêr’t de man it fan brûkt, rekket de ferloving út omdat hy begjint te redenearjen fan: och dat sa tige fan inoar hâlden dat hoecht eins alhielendal net, want der is in bulte egoïsme mei mank. Fan gefolgen: de ferkearing rint op ‘e non.
Dan in fuotballer, dy’t it spul nimt en dy’t der sûnt dy tiid neat mear fan makket, omdat er fierstente mijen foar syn tsjinstanner wurden is. Syn trainer begrypt der neat fan en syn frou likemin, want hy is ek yn ‘e hûs de lêste tiid oars. Ek by de studinten dy’t it universiteitsgebou beset hâlde, bringt it middel in kear teweech, omdat har ûnderhannelers tsjin de ôfspraken yn flot akkedearje mei it bestjoer fan it ynstitút. En as soldaten it spul brûke, rekket it hiele leger demoralisearre, sa hyt it.
Mar om net tekoart te dwaan oan de bedoeling fan de skriuwer is in beheinde omskriuwing fan de ynhâld net foldwaande en moat men it lêze en nòchris lêze.