Bonaventura

Troch in oerstreaming belâanje twa ynspekteurs fan plysje mei in feroardiele frou, beskuldige fan moard, yn in kleaster. Ien fan ‘e religieuze susters dêre twifelet linkenoan mear oan de skuld fan it frommeske. Se pluzet alles nei en jout it minske har selsbetrouwen werom. Letter docht bliken dat in dokter fan it kleastersikenhûs de skuldige is.
It stik – dat in jier of wat lyn yn Burgum yn ‘e iepen loft spile is ûnder de titel ‘Ien die it’ – soe noch tekoart dien wurde mei in wiidweidige beskriuwing fan de ynhâld, dat wy folsteane hjir mei de ried: freegje it op sicht.

Glêzen boartersguod

Yn ien fan de Amearikaanske grutte-steds minskepakhuzen wennet Amanda Wingfield mei har soan en har dochter. Har man, dy’t nei jierren oanien in gewoan baantsje hân te hawwen, dêr op in stuit genôch fan hie, hat har doe samar ynienen ferlitten, is op aventoer gien en se hat noait wer wat fan him heard.
Amanda skynt eartiids as frou wol meidwaan hawwe te kinnen en libbe yn har dwaan en litten winliken noch yn de ferline tiid. En se besiket dat ek op har bern oer te bringen.
Har soan, Tom, hat in gewoan kantoarbaantsje en toant yn ‘e rin fan it stik deselde driuw as syn heit. De dochter, Laura, hat in tige sterk minderwardichheidsgefoel en ferdjippet har thús yn in spul mei glêzen byldsjes, dêr’t se alhiel yn opgiet, omdat dy foar har begûn binne te libjen.
De mem nimt de soan yn ‘e earm en freget him ris in gaadlike kollega fan it kantoar mei te nimmen nei hûs om op dy wize har dochter ris mei manlju yn ‘e kunde te bringen.
As dy opset slagget en der dus in jongeman komme sil, makket Amanda dêr alles foar klear: der wurde kosten noch muoite sparre om alles goed slagje te litten.
It docht bliken dat dy jongkeardel deselde is dêr’t Laura mei op skoalle sitten hat en dy’t se sa bewûndere en dêr’t se faaks yn har fantasije wol fan hâlden hat. Har ferlegenens nimt suver syklike foarmen oan, mar yn it petear mei him wurdt se dochs op ’t lêst harsels en komt it safier dat hy har in tút jout.
Dan komt foar har de grutte ôfdijer, as er seit dat er al fersein is en daliks fuort moat.
Hy kriget it moaiste glêzen byldsje fan har mei……

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Odysseus yn Bjirmerhaven

Yn dit stik komt it âlde Grykske heldeferhaal yn moderne foarm werom. It moderne taalgebrûk en de hjoeddeiske situaasjes jouwe in komyske draai oan it mearke-eftige ferhaal.
Yn “It wapen fan Ithaca”, in herberch, regearde Odysseus as de net-kroande foarst oer it doarp, foar dat er de oarloch yn gong. Al fyftjin jier lang wachtet Penelope op syn weromkommen. Hast like lang sitte fjouwer nije frijers oan’e stamtafel en wachtsje wa fan harren sy kieze sil. Se beslút te kiezen foar dejinge dy’t de hânbôge fan Odysseus spanne kin en dy’t dêrmei syn ferneamde “flesseskot” dwaan kin. Se wit dat gjinien dit neidwaan kin. Telemachus, harren soan, hat lykwols in âlde swerver meinaam, dy’t sûnder muoite de flesse rekket: Odysseus is werom.

Koartkoppen

Patrouillet, in skoalmasterich type, komt yn pontifikaal by buorman Grattelard, in grûnbesitter, om dy syn dochter te freegjen om mei him te trouwen. De beide manlju treffe elkoar en Grattelard is bang dat Patrouillet sa ferlegen is omdat er him net om jild freegje doar, mar as bliken docht dat it om syn dochter (âldfaam) giet, dan is er út ‘e skroeven. Foar de dochter oer is Patrouillet like bleu en sadwaande prate se oer oare dingen as it boadskip. Se krije slim rûzje om in stik grûn, de heit slút him by de dochter oan en Patrouillet rekket lilk de doar út. As de dochter fan har heit it boadskip heart, stjoert se him dalik om Patrouillet werom te heljen. Earst liket it der op, mar dan krije se spul oer in hûn. Ek dêr bemuoit de heit him wer mei. Patrouillet wynt him sa op, dat er flau falt en dan sizze de oare beide dat se it ûnderwilens iens wurden binne tegearre.
As de beide ‘jongelju’ dan wer begjinne sille te iggewearjen, dan stjoert de heit it span nei de pastoar.

It grutte ûnthjit

Duotsje Simpel, in kreas frommeske fan 26 jier, hâldt der op in lyts doarpke in winkeltsje yn jern en bân op nei. Har hûs en har hert geane beskûl efter in dûbele rige petunia’s, oant op in dei in man rûchwei troch dy blommen hinnewâdet. Fuort dêrnei stiet dy frjemde man by har yn ‘e winkel en hy bringt har om sa mar te sizzen it ‘boadskip fan har libben’. Nei in yngeand petear seit se him ta, him op in wonderlik oarde moetsje te sillen, om har sadwaande foar altyd te feroarjen, te bekearen ta it libben. Mei dy wissichheid lit se har winkeltsje foar altyd yn ‘e steek om ôf te reizgjen nei…. it grutte ûnthjit.
Oan te rieden foar selskippen dy’t ris wat oars bringe wolle as de bewende komyske ienakters.

It lange ôfskie

It spilet yn in fertrek fan in Amerikaanske hierkazerne. Joe is in skriuwer, waans mem stoarn is en waans suster (dêrtroch?) de brede wei opgien is. It skriuwen slagget Joe net al te bêst. Hy sil ferhúzje. Wêrhinne?
Syn freon is by him op it stuit dat de ferhuzers komme. Joe is út syn dwaan. Hy sjocht ûnderskate mominten út syn libben, dy’t yn flash-backs toand wurde en dy’t in dramatysk effekt hawwe. Syn ferhâlding ta syn mem, syn suster en syn heit wurde dúdlik.
It is in lang ôfskie út in bekende wrâld mei fertroude dingen nei…. in ûnwisse takomst.

Fyftjin roazen

Fuort nei it ferstjerren fan har mem, is Cornelia Scott (60) yn ‘e kunde kommen mei Grace Lancaster (45) en sûnt dy har man ferstoar, wenje se byinoar yn. Grace hjit de sekretaresse fan Cornelia te wêzen.
Cornelia is in foars, suver autoritair type, út ‘e súdlike kontreien fan Amearika. Grace hat in klien en fyn postuer.
Tusken de beide froulju is wat dat net útsprutsen wurdt en dêr’t elk nei riede kin. Men mei oannimme dat it mei de yntime gefoelens te krijen hat, ek al omdat Cornelia oan Grace 15 roazen jout, as se 15 jier byinoar binne. Tusken de froulju is in ferhâlding ûntstien dêr’t it hoe en wat net dúdlik fan trochkomt, mar dy’t by beide in spanning bewurke hat. Dy spanning uteret him by Cornelia yn it berikken fan de heechste funksje(s) yn it ferieningslibben en by Grace kin dy spanning net rjocht in útwei fine en friget in oerspanning.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

De steiger

Madeleine (38) is troud mei in automaniak. Hy hat in ûngemak hân, dêr’t har holle slim by skeind rekke is. Hy is mei plastic en prûk wer wat yn fatsoen brocht. Fangefolgen hat har man him noch mear op ‘e auto smiten en is fan har ôfgien. Dit kin se net ferneare. Se nimt de auto en triuwt dy fan ‘e steiger it wetter yn. It is tsjuster en mistich en tewyl’t se der fan troch sil, moetet se op dy steiger Gustaaf (40), in eardere sirkuskloan.
Ut de dialooch fan dy twa docht bliken dat se elkoar earder kennen hawwe. Gustaaf hat syn leafste neiwiuwd yn in fleanmasine; dy oantinkens libbe er op, no’t er syn hûd ferbrând hat oan ‘e gassen fan in útlaat. Madeleine hat, foardat se de auto der yn treau, har man mei in stik hout op ‘e kop slein. Dat is fûlder oankommen as dat de bedoeling wie: hy is dea, wurdt der sein. Se hat in moard dien.
Yn de befrijende dialooch fan dizze man en dizze frou swinkt it fan de realiteit nei it goede ferline. Se groeie nei-in-oar ta en miene it elkoar, wylst no en dan de sirenes fan de plysje-auto’s te hearren binne.
By einbeslút giet se nei de plysje om har oan te jaan en lit him mei syn ferline allinne achter.