It heksershol

Heksershol draait om de mins dy ’t altyd mar mear wol; mear hawwe, mear kennis en mear macht. Haadpersoan yn Heksershol is Gosse Knop, in sjarlatan sûnder jild en guod. Gosse wol boer wurde en hat syn each falle litten op Ingel, de dochter fan in rike boerewiddo. Mar hoe krijt hy dizze boeredochter en wurdt hy de grutste en de machtichste boer fan Molkwar. Hy krijt help. Mar wa is dizze behelpsume man en wat easket hy foar syn help?
Heksershol is in foarstelling mei in soad humor en moaie ferskes foar elk fanof 12 jier. Mei in knypeach nei it eardere winterjûnenocht mar dan mei alle moderne teatrale middels fan dizze tiid.

It swurd út de stien

In fermaaklik aventoer is de famyljefoarstelling ‘It swurd út de stien’, wêryn de skyldknaap Wrat in grutte rol spilet. Wrat wol graach ridder wurde en oan in echt riddertoernooi meidwaan. As Merlyn de tsjoender as hûsûnderwizer op it kastiel komt, ûnderwiist hy net ridder Kay, mar Wrat. Hy nimt him mei yn in wûnderbaarlike wrâld en leart him der lessen oer it libben, mar dat rint net altyd serieus neffens plan. Dan brekt de dei fan it toernooi oan, mar wer is it swurd?

Lucky Luke

East Hill wurdt al jierrenlang teistere troch in fete tusken twa famyljes: de Harkema’s en de Tiemersma’s, ôfstammelingen fan Fryske immigranten dy’t yn in fier ferline nei East Hill emigreard binne. De Harkema’s kamen út de wâlden en de Tiemersma’s fan de klaai en dat is no noch altyd oan har aksint te hearren en oan har úterlik kinst se der ek daliks út, want de Harkema’s ha kolossale flapearen en de Tiemersma’s in grutte reade noas. Lucky Luke is mei de Daltons ûnderweis mei it grjochtshôf yn ‘e stêd en komt lâns it doarpke East Hill. Dêr roppe de boargemaster en de sherrif syn help yn by it oplossen fan de swierrichheden mei de Harkema’s en de Tiemersma’s. Holpen troch de jeugd en de âlderdom en mei wat list en bedroch, wit Lucky Luke, nei in soad trammelant en tûkelteammen, te berikken dat de Harkema’s en de Tiemersma’s frede slute.