Ien fan de tsien

Yn dit stikje wurdt besocht om it ferhaal fan ‘e tsien melaatsken, dy’t troch Jezus better wurde en dêr’t mar ien fan weromgiet om tank te sizzen, in by ús tiid passende foarm te jaan. It giet oer finzenen dy’t nei gâns in tiid fan wachtsjen út in kamp yn Sibearië loslitten wurde, ek tsienrisom. Fan dy tsien wurdt ien op it harspit nommen, in fersekeringsagint, dy’t Maier hyt. It giet him optheden tige by tige, hy docht bêste saken, is in bult ûnderweis en hat seis jier lang – sa lang is de ‘genêzing’ lyn – mar amper tocht oan syn foarnimmen yn Kamp 217 opfette: in nij, in tankberder libben oan te gean. Op dit stuit, yn in frjemde hotelkeamer, moetet er “de oare Maier”, dat wol sizze, hy heart de stim fan syn eigen ferline, fan syn gewisse.
Dy lit him de kamptiid op ‘e nij belibje en dan kriget er ek in man foar him, dy’t him al lang út it sin gien wie, in simpel man, de Boekbiner, dy’t doedestiids it ferhaal fan de tsien melaatsken foarlêzen hat. Soe it de fersekeringsman Maier oan ’t moed komme?
Mei dy fraach slút it stik.