Leafdesles

Twa psychiaters, twa pasjinten, ien tema: de leafde.
Wat hawwe we nedich? Wat sizze we wol of net? Hoe krije we de ivige ûnwissichheid ûnder kontrole en wêrom is flirten doch hieltyd wer sa’n ûnmisber elemint yn it libben.
Troch sawol de iuwenâlde ferskillen as de net te ferjitten oanlûkingskrêft tusken manlju en froulju, is it mar de fraag wa’t mei de hiele hûd út de striid komt.
Under in feninig en tige fluch spul yn de terapykeamer, bliuwe úteinlik ek de eigen relaasjes fan de psychiaters net sparre.

Hotel Hellman

Hotel Hellman is in eigentiidske, fleurige en absurde oade oan Fawlty Towers en sit grôtfol mei yntriges en rarichheden.

De hystearyske hotel-manager besoarget himsels net allinnich in hege bloeddruk mar ek allegearre swierrichheden. Tsjinwurke troch syn Dútske skoanmem, syn wat ûnnoazele frou dy’t gek fan musicals is en de altyd fleurige mar tige nijsgjirrige buorfrou, besiket hy syn smoar rike tante yn te palmjen om jild te ynvestearjen. Wylst de help besiket te rêden wat der te rêden falt, meitsje de gasten der lang om let in soadsje fan. In drankoargel fan in aktrise en in wat heal-sêfte dokter is noch dêroan ta. Mar mei de komst fan de eardere “gûchel-assistinte” fan de manager wurdt it in gekkeboel.

Elk hat wol wat te ferbergjen en it publyk wit nei trije kertier fan de foarstelling hast net mear wat wier is en wat net. Hotel Hellman hat alle yngrediïnten fan in klucht, mar is eins noch folle komplekser.Want hoe lang kinst op ’e rin wêze foar dyn ferline? Hoefolle troude manlju leaust noch? Hoefolle alkohol kin in mins ferneare? Hoefolle geheimen kin dyn gewisse oan? Yn hotel Hellman binne se der allegearre fan oertsjûge dat sy it wol oant yn de ivichheid folhâlde sille. Oant it earste lyk út de kast komt. Letterlik.

 

Hertstocht

“Hertstocht” is in ûntregeljende foarstelling. Sa is “Hertstocht” fan alles wat: thriller en psychologysk drama. Troch de ferskate wizen fan plotomkearingen krigest mar gjin gryp op it ferhaal. Fielst dy besoademitere dêr’tst by sitst en dat frustrearret, mar is ek in grut komplimint foar de skriuwers Koos Terpstra en Nhung Dam.

Wannear’t Patty earder thúskomt as pland is har man Max nergens te finen wylst hy oer de telefoan seit dat er thús op de bank leit mei in boek. Dat is it begjin fan alle ellinde. Patty bellet har bêste freondinne Elizabeth, dy’t earst lang op har wachtsje lit en dan hielendal oeral en sa optutte oankomt dat it al gau dúdlik is wa’t it mei wa docht…..
Yn heech tempo komt Patty mei in sa’n trochtocht moardners-senario foar it ljocht dat je der bang fan wurde. Mar krekt as ’t tinkst datst yn in thriller belâne bist, kriget it stik in komyske draai en sa draait it plot hieltyd om en om.
En dan de mannen: de wat ûnbehouwen troubrekke man Max en de wat kloatsekeftige Julius, dy’ t syn frou neat kwea ôf nimt. Mei nammen Julius jout it stik op it ein wol in hiel ferrassende omkearing.

Alde doazen

Trije froulju binne de personaazjes yn de nijste komeedzje fan Thomas Verbogt, mei de Fryske titel “Alde doazen”
In ferhaal oer âlder wurde, fitaliteit en wat der fan it libben oerbliuwt as je âlder wurde.
Yn dizze foarstelling draait it om Mimie van der Kwast, dy’t allinnich noch mar mei de parkyt praat. Har hiele libben hat se har weisifere foar har man, dy’t in bekende Fries wie.
No’t hy dea is kinst yn har libben in spjelde fallen hearre. Sa stil is it. Lokkich hat Mimie har suster noch; dat jout noch in bytsje avesaasje. Dan giet de bel. Der stiet in folslein frjemde frou foar de doar. Dizze komt mei in tige opmerklik ferhaal oer de weirekke oare helte, dat as in bom ynslacht…

Spoeken bestean net

De titel hie ek wêze kinnen: It kwea straft himsels. De frou fan in suksesfolle skriuwer spant gear mei har ’freon’, in makelder, om har man opburgen te krijen. De skriuwer begjint yndie earnstich oan himsels te twifeljen, wat beslist gjin wûnder is. Wurdt ‘it spul’ him dúdlik, dan spilet er it mei wille en oerjefte mei! Syn frou wurdt net de winneres en hy net de ferliezer. Allinne it ‘spoek’ wint… mar spoeken bestean net!

De tante fan Charly

Twa freonen fan stân, Rogier van Aerdenhout en Charles Weijckerham binne fereale op de famkes Eline en Celine Heemstede. De heit fan de famkes, Olivier Heemstede, hat it net sa op de beide jonges. It ferhaal giet nammentlik ek dat it jild fan de famylje van Aerdenhout der trochhinne jage is troch de heit fan Rogier. As bekend wurdt dat de stienrike tante fan Charles, Donna Lucia d’Alvadorez út Brazilie, widdo wurden is en plannen hat om wer nei Fryslân te kommen grip de beide freonen harren kâns. Se noegje de famkes út om yn de kunde te kommen mei de tante fan Charles. Op it lêste momint komt it berjocht, dat tante net op tiid komme kin. Ynienen is dêr de húsfeint Jacob dy’t op it punt stiet om frij te nimmen foar de generale repetysje fan de operetteferieninig. Se oertsjoegje him fan it belang fan de situaasje. De butler spilet oertsjûgjend, mar dan komt de echte Donna Lucia d’Alvadorez. Hoe sil dit ôfrinne?

Famylje Postma oan de Costa

Famylje Postma komt al foar de 20e kear op fakânsje oan de Spaanske Costa. Heit is in wiisprater dy’t it altyd better wit, mem lit alles mar wat oer har hinne gean en dan is der harren dochter dy’t in stikeme relaasje hat mei de eigner fan it hotel. Dizze kear is pake ek mei. In oare famylje, dy’t der ek delstrutsen is, is fan folle eksklúsivere ôfkomst. In nochal dikke frou mei in protte kâlde kak, in weiten hin fan in man en in soan ‘wêr’t ek net folle by sit. Dit moat fansels útrinne op in konfrontaasje tusken de famyljes. Foaral as de wat asosjale heit ûntdekt, dat de oare famylje stjonkend ryk is en dat se harren soan oan de dochter fan him koppelje wolle.

Fisk

In mem en in dochter libje fan it fangen fan fisk. Sy sitte oan ‘e kant fan de see te praten oer “it libben”.
Hoe ’t it wie doe’t de heit der noch wie, hoe swier it libben is…….
De dochter nimt ôfskie fan har mem, se is swier, wol net fierder libje en docht harsels te koart.