De greate keizer

De lêste keizer fan it grutte Romeinske Ryk, Romulus, wit dat syn steat allinnich noch mar rjochte is op ûnderdrukking en dat der gjin inkele moraal mear hearsket yn it eartiids sa machtige ryk. Hy beslút ta passyf ferset. Op syn paleis op it plattelân fersoarget er syn hinnen en docht neat om it leger fan de ynfallende Germanen ûnder lieding fan Odoakar te kearen. Hy wachtet oan’t syn ryk falt en as dat bart is, ferwachtet er dat Odoaker him deadzje sil. Mar as Odoaker ferskynt wol dy himsels krekt oan de ‘grutte’ Romulus ûnderwerpe. Krekt om’t er sa’n anty-held is moat Romulus te foar kommen dat de Germanen no in ‘folk fan helden’ wurden (en dus letter krekt sokke ûnderdrukkers wurde sille as de Romeinen wienen) – sa tinkt Odoaker. Mar Romulus wol net. Hy lit de troan oan Odoaker, dy’t no op syn beurt wachtet op syn neef Theoderich. Dizze Theoderich sil beslist de nije keizer ombringe en dan in nij, krekt sa bloedich en tiidlik ryk grûnfêste as it Romeinske Ryk wie.

Ja dokter, nee dokter

In nijsgjirrich stik: it spilet him ôf as in toanielrippetysje, dêr’t de ynspisjint, de beljochter en de rezjy-assistinte ek in rol yn hawwe. Fierder spilet it stik him op ûnderskate pakken ôf, wylst inkelde persoanen mear as ien rol útbyldzje moatte.
It ferhaal, dêr’t it om giet is sa: It houlik fan Haring Martens en syn frou Elske is útrûn op in sleur, dat hja tinkt al oer kontakt mei in oare man. Hja giet lykwols earst mei har problemen nei Westerhuis, in freon fan har man, dy’t psychiater is. Slim betiisd as hja is, kriget hja by him wei in oanriding en komt yn it sikenhûs telâne.
Westerhuis komt dêr by har op besite, sjocht dat it allegearre wol wat tafalt en docht har it útstel om fan de gelegenheid gebrûk te meitsjen en foar har man oer ferlies fan har ûnthâld skine te litten op ien punt: dat fan har man. Tagelyk stelt dokter Oosterhuis – ûnder dizze namme spilet dokter Westerhuis in rol yn it eigentlike stik, wylst er as dokter Westerhuis min ofte mear bûten it stik om de rol spilet fan de “de psychology ferklearrende psychiater” – Haring oan Elske foar as dokter Klaassen, om sadwaande in nij kontakt te lizzen tusen Elske en Haring.
Dit sabeare boartsjen komme fansels allegearre wûndere situaasjes efter wei, mar by einbeslút wurde Haring en Elske it doch, al is it op it nipperke, wer iens. Hja libje fierder noch lang en gelokkich…

De âlde dame op besite

Yn dizze oersetting spilet it stik yn Jarrum, in earm, middelgrut plak. Jarrum kriget besite fan de multimiljonaire Claire Heinsmaransa, dy’t dêr eartiids wenne. Sy wenne eartiids yn Jarrum. No wol se Jarrum in miljard skinke, yn ruil foar gerjochtichheid. Dizze gerjochtichheid is de feroardieling en dea fan de man, Yll, dy’t har eartiids mei in bern sitte liet. De boargemaster nimt it oanbod net oan. De minsken feroarje lykwols de libbenstyl, se hannelje as wiene se ryk. Claire wachtet ôf. Uteinlik is de oerienstimming ûnder minsken sa grut, dat Yll te lâne komt yn in minskenmassa en anonym fermoarde wurdt. De dokter stelt as deadsoarsaak in hertoanfal fêst. Claire jout it jild oan Jarrum.

Us stêd

Yn dit stik is foarskreaun dat der gjin dekor is. It sichtbere dekor wurdt troch pantomime en lûden ferfangen. In regisseur stelt de persoanen, de ynwenners fan it Amerikaanske stedsje foar, dy’t allegear op de ien oft oare manear meielkoar yn ferbining steane. It stik hat gjin dramatysk ferhaal, de ynhâld is it deistige libben. Neist de libbene persoanen wurde ek de deaden op it toaniel brocht, dy’t op it libben weromsjogge.
Dizze bysûndere toanielfoarm lit by it publyk de romte foar fantasy en set oan it tinken oer it eigen libben, dat faaks in hiele protte liket op dat fan’e persoanen op it toaniel.

In minske sûnder wryt of slyt

Yn dit stik brûkt Brecht de easterse fertelwize om yn parabelfoarm krityk op’e maatskippij te jaan. De Sineeske provinsje Sezuan wie doedestiids frij korrupt en westers oriïntearre.
Trije goaden komme op ierde om út te sykjen oft de wrâld sa bliuwe kin, of dat der wat feroare wurde moat, en of de minsken wol goed binne. Se sykje ûnderdak yn Sezuan. De prostituee Shen Te wol de goaden wol herbergje omdat se har goed betelje. De goaden binne oertsjûge, sy is in goed minske. Fan it jild dat se kriget kin se in tabakswinkel keapje. Se wurdt fan alle kanten lestich fallen troch parasiten en waarmmielrinders dy’t fan har profitearje wolle. Sels de wurkleaze Sun, dy’t se rêden hat doe’t hy himsels ophingje woe en dy’t se leaf hat, is it om it jild te dwaan. Om de holle boppe wetter te hâlden praat se fan har sabeare neef Shui Ta, dy’t in hiel sterke keardel is. Sy ferskynt sa no en dan ek as Shui Ta; yn dizze gedaante hat se folle mear macht. It boadskip fan dit stik wurdt hjirmei dúdlik: as goed minske kinne je net oerlibje op dizze wrâld. Sa hat Shen Te ek de kant fan Shui Ta nedich yn har persoanlikheid. Shui Ta wurdt úteinlik oppakt want hy wurdt fertocht fan moard op Shen Te. De goaden sille him berjochtsje. Se binne fertwifele as se Shen Te’s ferhaal hearre: it lot fan in goed minske is net bêst en dat wolle se net op harren gewisse hawwe. Se beslute dat de wrâld sa korrupt bliuwe moat as er is, dan rêde de minsken har it beste. Se litte Shen Te yn wanhope achter.