Yn de rats

Mary wennet ergens yn in doarp dêr’t elk mekoar ken. Se hat it net rom yn de sinteraasje, mar
se hat wol in rom hert. Sa wennet Robert by har yn, hy bringt net folle jild yn it laadsje, sis
mar neat, mar hy mei doch bliuwe, ek al hinget er meastal yn de luie stoel foar de telefyzje en
hat er in broerke dea oan wurk.
Fierder is dêr Marleen, se is gjin hûndert punten, mar Mary soarget der foar dat se in thús hat.
Dan nimt Mary op in jûn, at se thúskomt fan it frijwilligerswurk, Piter, in swalker, mei nei hûs.
Robert fynt it mar neat dat Mary himmeinommen hat, hy fielt it as in bedriging.
Hy tinkt sels dat Piter de dvd-spiler, dy’t er Robert ta beskikking stelt, stellen hat.
Piter ûntkent dat, mar beide ha gjin bewiis foar wat se beweare.
De ferhâldingen wurde op skerp set as der in berjocht fan opspoaring op telefyzje útstjoerd
wurdt. De persoan op de komposysjefoto liket wol hiel bot op Piter.

Inkele reis

In thriller-skriuwster en har suster sjogge in inkele reis nei in tehûs as it slimste wat harren oerkomme kin en se wolle it proses fan ôftakeling koste wat kost foarkomme.
Se skeakelje in sinistere man yn om se te helpen by harren lêste winsk, mar sa gau at de man by harren oer de flier is ûntstiet der in opienfolging fan frjemde gebeurtenissen dy’t gjinien foar mooglik holden hie.
Alles blykt hieltyd wer oars te wêzen as dat tocht waard en hoe’t it ôfrint is oant de lêste side ta net te foarsizzen.

Amateurs

Sân akteurs krûpe yn de hûd fan de amateurspilers fan Toanielploech Sân. De toanielploech mei einlings repetearje yn de grutte seal fan de skouboarch. Om it nivo omheech te heljen, ha se foar dizze foarstelling in profesjonele regisseur ynhierd. De sfear wurdt oanienwei nerveuzer, der is net folle tiid mear oant de premjêre, de reigsseur wurdt ûngeduldiger, kostúms binne net ôf, der is gjin dekor en wa docht no eins presies wat? En wa sit der hieltyd mei it ljocht te kloatsekjen, wannear komt Joop en wa docht it mei de regisseur en wa net? Allegear fragen dêr’t noch in antwurd op komme moat, foar de jûn fan de premjêre…

De kat yn de kelder

Majoar Evarist Tanghe lit, alhiel tsjin it sin fan syn ‘ soere’ suster Serafine, it kânsearme húshâlding De Kat tydlik yn de kelder fan syn hearehûs wenje, dy’t wachtsje op it tawizen fan in sosjale hierwenning. Ynearsten hat de famylje De Kat neat mei de kelder, mar dat slacht al rillegau om as se der achter komme dat se neist de bank komme te wenjen. Feliks sjocht de kâns op de ‘jackpot’ wol sitten en hy beslút fan út de kelder in tunnel nei de bank te graven. It wurdt uteraard in nuodlike ûndernimming, omdat se de tunnel grave moatte sûnder dat de Majoar of syn suster dit merke. Wêr moatte se bygelyks mei de modder hinne dy ’t by it graven frijkomt. Hoe ferbergje se de yngong fan de tunnel as se besite krije? Hoe maskearje se de herje dy ’t de drilboar makket?
Uteraard levert dit hilaryske situaasjes op, ek al omdat blykt dat beppe sa no en dan ferrassend út ‘e hoeke komt. Kim wurdt fereale op Sven, dy ’t te pas en te ûnpas yn de kelder opdûkt. Kim liket de Majoar gâns op te winen, Serafine om de kat dy ’t samar weiwurden is, en der komt in drumstel oan te pas om de herje fan de drilboar te oerstimmen. Uteinlik lykje se te slagjen yn de opset. Dan fynt Serafine de tunnel en de de deade kat en se moatte har opslute. Madeleine lit it leven yn de kelder en dan sitte se dus ek noch mei in lyk dat se nergens kwyt kinne. En wat as Sven twivelt tusken syn leafde foar Kim en it rjochte paad?
De Majoar blykt úteinlik mei in grutte ferrassing út de hoeke te kommen.

Nichtedei

Greet Klappenholst noadicht alle nichten fan de famylje Rurrenkopf út op de camping fan boer Klaas Winters en syn frou Willemien. Guon fan dizze nichten sjogge mekoar dan foar ‘t earst. Sa op it earste gesicht liket it út te draaien op in trochsneed famyljedei, mar al gau blykt it te gean om it ferpartsjen fan in erfenis. En sa’t it by de measte minsken is as it om jild giet, de nichten feroarje as in blêd oan de beam. Foaral ien fan de nichten liket der nochal wat belang by te hawwen. Se hellet teminsten fan alles út de kast om foar de erfenis yn oanmerking te kommen. Is dizze nicht wol in echte nicht? En dy oare nicht, is dat net in neef? En dat allegear op de camping dy t eins gjin camping hjitte mei en dy’t ûnder lieding stiet fan in boer en syn frou dy t sels noch noait op in camping west binne.

Neat is wat it liket

At it houlik fan je dochter en soan net goed is, moatte je dêr as heit en mem dan wat oan dwaan? En sa ja, hoe pakke je dat dan oan? Arnold Koopmans en Margretha Buismans tinke dat se de oplossing fûn ha. Se stjoere de bern op fakânsje en Margretha sil de boel bespionearje. It foardiel hjirby is dat de bern Margretha net kenne en sy kin dus yn alle rêst har gong gean. Tinkt se! Der gebeurt fan alles, Margretha moat sels ûnder cover om de saak goed ôfhannelje te kinnen. Dit hat in soad komyske situaasjes as gefolch, alles liket sels út de klauwen te rinnen. Mar dan komt Arnold ek ûnder cover, en dy rêdt mei alles!

Ik wol gjin oare mem

Bram de Groot docht yn fersekeringen en hy kin noch in oar rayon derby krije. Dan moat er wol troud wêze, want de minsken der’t er de saak fan oernimme sil, binne frijwat konservatyf. En dêr sit de angel by Bram, hy wennet op dit stuit allinne mei syn dochter Desiree. Op ynternet treft er in frou, Christien, dy’t wol tydlik syn frou spylje wol, mar der eins ek fan útgiet dat it tusken har en Bram wat wurde sil. Desiree kin lykwols beslist net mei Christien oer wei en se hellet alles út de kast om fan Christien ôf te kommen. Mar giet se dêrby net in lyts stapke te fier?

Hanna

Hy sit thús te wachtsjen oant er nei in ôfspraakje kin. Dat ôfspraakje hat er mei in frou, nei oanlieding fan in kontaktadvertinsje. De man hellet him dingen foar de geast fan eartiids. Oer de famkes dy’t er doe kennen hat en hoe’t it no mei dizze ferrinne sil. Hy sels hat noait troud west, mar hy fynt wol dat hy dêr no oan ta is.
Hoe ferrint de moeting tusken de frou en de man? Soenen se by elkoar passe? Of….?

Hâldsto fan my?

It kluphûs fan in tennispark. Trije freondinnen flechtsje foar in tongerbui. Al rillegau sitte se oan de wite wyn en komme de tongen los. Ien fan harren fertelt oerémis dat sy en har man einlings by elkoar wei sille neidat harren houlik op in dea spoar bedarre is. It frije leven lokket! Har man reizget mei syn nije flam foargoed ôf nei Amearika.
Mar dan stiet de nije flam harren ynienen foar de noas. De reis is op ’t lêste momint ôfblaasd. De reden dêrfan wurdt stadichoan dúdlik. Oanwakkere troch de drank komme, ta ferbjustering fan de oaren, amoereuze ferhâldingen oan it ljocht. Gefoelens binne as in toverbal, soms read fan lilkens, soms blau fan berêsting, dan wer grien fan jaloezy. Leafde, lef en leagens wikselje elkoar ôf. Wat is der nei hjoed noch oer fan de freonskip?

Bakhuzen is gjin New York

Sân minsken, allegearre op reis mei deselde grutte plezierboat, komme mei elkoar yn’ e kunde. Feara en Sissy Simons, twa susters út Bakhuzen, dy’t al har hiele libben tegearre in kemping beheare, mar sa âlderwetsk binne as at it mar kin. Noait earder op fakânsje west en no samar in wrâldreis. Harm en Lys Voolstra, hy is ferslave oan pokerjen en sy docht alle war om him der ôf te krijen. Drewis en Franny Galama, hy hat net lang mear te libjen, mar wit perfoarst net hoe lang noch.
Drewis tinkt dat syn frou it net wit, mar is dat wol sa? En dan noch Lys Groothoff, is dy wol sa’t se har foardocht? Allegearre tûkelteammen dêr’t yn de rin fan it stik in antwurd op komt.

Gjin dei spyt

Kim is krekt by de man wei en wennet foar ’t earst yn har libben allinnich. Mar de rêst dy’t se siket fynt se net. Suster Laura, mem Sophie en freon Dennis komme te pas en te ûnpas lâns. Laura en Sophie meitsje har drokker om de ‘dwaze dagen’ fan de V&D as oer wat him ôfspilet yn it libben fan Kim. Tim, in freon fan Dennis, komt ek del en lit net allinnich de herten fan de froulju hurder klopje, mar ek dat fan Dennis. mar foar wa kloppet Tim syn hert eins hurder?

De goede dea

De famylje Keller telt trije broers. De âldste is terminaal en hat keazen foar in frijwillich libbensein. De middelste broer, sakeman, blykt hieltyd minder ûnkwetsber as tocht. De jongste is autistysk en toant syn emoasjes pas as hy efter de piano sit. De eksfrou fan de sakeman is ûndertusken de leafde fan de terminale âldste broer wurden. De dochter kin de sels keazen dea fan har heit net oan. De húsdokter, al jierren de hûsfreon fan de famylje, wrakselt mei in grut dilemma.

Fjochtsje om leafde

Gigi en Hugo wienen earder troud en wienen beide grutte stjerren op it toaniel. Nei’t Hugo in slipperke makke hat binne se skieden en ha elkoar in hiel skoft net sjoen, lit stean mei elkoar praat. No wol in regisseur se beide brûke yn in nij stik, mar it falt net ta om se safier te krijen dat se wer tegearre op’ e planken ferskine. It slagget al om se oan it repetearjen te krijen, mar dat giet net fansels.
De iene nei de oare rint út de repetysjeromte wei omdat er de oare net útstean kin. By einsjebeslút slagget it al en dan blike Gigi en Hugo it mear iens te wêzen as de regisseur en de produsint. De foarstelling wurdt in foltreffer.

De bekearlinge

Chris Fernandez hat in ferhâlding mei Ron, in Joadske, âldere man. Se wol graach mei him trouwe, mar hy fersint alderlei ferlechjes, sadat er net trouwe hoecht. Hoewol’t er oprjocht fan har hâldt, doart er it nei twa mislearre houliken net oan. At er as reden oanfiert dat syn mem djip religieus is en dus in houlik net akseptearje sil omdat Chris net Joadske is, beslút se om har te bekearen. Se giet op les en rint alle prosedueres troch dy’t by in bekearing hearre. Yn’ t earst docht se it allinne omdat se dan trouwe kin, mar al gau krijt it Joadske geloof har yn’ e greep. Op de dei fan har eksamen blykt dat Ron ek nei har bekearing net fan doel is om mei har te trouwen en at dan ek noch es Ron syn mem opdraven komt dy’t folslein it tsjinoerstelde is fan in âlde djipgelovige frou, is foar Chris de maat fol. Se stelt him in ultimatum. Of hy freget har binnen tsien sekonden at se mei him trouwe wol, of se giet foargoed by him wei. Ron kiest nei in wize libbensles fan syn mem, aaien foar syn jild en freget syn freondinne om mei him te trouwen.

De favoryt

De Favoryt is in bysûnder luchtige bewurking fan it ferhaal fan Job. It stik spilet him ôf op Long Island yn de filla fan in rike, suksesfolle sakeman mei in frou, in ‘ferlerne’ soan en in net al te snoade twilling. Op in jûn krijt de famylje besite fan in ‘boadskipper fan God’ as sadanich te herkennen oan in grutte ‘G’ op syn sweater. Us moderne Job wegeret God te fersaken en dus wurdt er fan dat momint ôf achterfolge troch rampspoed. Syn fabryk baarnt oan de grûn ta ôf, hy krijt alderlei mysterieuze sykten en syn famylje ferlit him. Al dy tiid wegeret er om syn God te fersaken. At er alles kwyt is krijt er fia de boadskipper (dy’t syn baantsje kwytrekke is) antwurd fan God. De boadskipper jout ta dat er ferlern hat en de ferlerne soan komt wer thús.

Praatsjes

Fjouwer stellen bin útnoege op it tsien jierrich houliksfeest fan harren freonen, de loko-boargemaster fan New York en syn frou. It feest giet net troch, want de jubilaris hat himsels foar de kop sketten (it is mar in lichte ferwûning oan it ear) en syn frou wurdt fermist. Syn advokaat beslút dat it net ferstannich is om de saak útlekke te litten (hoewol ‘t er gjin idee hat fan wat er him no eins werklik ôfspile hat) en it iene ferlechje lokket de oare leagen út. De saak wurdt hieltyd yngewikkelder nei dat mear gasten komme. Op ‘t lêst wit gjin ien mear wa ‘t by wa no hokker ferhaal op ‘e mouwe spjelde hat en wêrom. It falt te begripen dat de gasten op ‘t ein fan de jûn in bytsje trochdraaid en oan raapsein binne.

In frjemd stel

It appartemint fan Olive Madison is it plak wêr’t in groep freondinnen elke freedtejûn by elkoar komme om Triviant te spyljen. Olive is skieden en liket har, ôfsjoen fan it feit dat se neat op oarder hat, redelik goed allinne rêde te kinnen. At ien fan de freondinnen, Florence Unger, ek skiede sil, noeget Olive har út om salang mar by har te wenjen. Alle freondinnen, ynklusyf Olive sels, binne nammentlik bang dat Florence de skieding net oan kin en rare dingen dwaan sil. Gruttere tsjinpoalen as Florence en Olive binne der net en it duorret dan ek net lang as de bom barst tusken it neuroatyske kasplantsje Florence en de rommelige stoere Olive. De direkte oanlieding hjirta foarmje de twa Spaanske broers dy’t yn itselde gebou wenje. Olive hat har sinnen op beide manlju set, mar wurdt hjiryn danich dwers sitten troch Florence. Uteinliks is by Olive de maat fol en se set Florence der út. Hoe kin it ek oars as dat Florence no leafdefol opnommen wurdt troch gjinien minder as..de beide Spaanske broers. Dit is de frouljus ferzje fan de ferneamde en ek ferfilme komeedzje fan Neil Simon.

It dilemma fan Rose

Yn har lúkse filla oan it strân fan East Hampton stiet skriuwster Rose Steiner op in kearpunt yn har libben. Se hat al jierren neat mear skreaun en har jild rekket op. Har eardere minnaar, de literêre reus Walsh McLaren, biedt har – fan út syn grêf – de kâns miljoenen te fertsjinjen. In boek moat ôfmakke wurde, dan is se ryk. Dat sil net maklik wêze en se moatte der in spookskriuwer foar brûke. Dy is net maklik te finen. Rose mei de kandidaat, Gavin Clancy, dêr’t Walsh mei oankomt, net snuven hearre. Mar it boek sels ôfmeitsje kin se ek net. Hoe moat it dan? Dit is in oandwaanlik, grappich, romantysk en ûnfoarstelber toanielstik, skreaun troch Amearika’s favorite blijspulskriuwer en winner fan de Pulitzer priis.

De show fan Max Prins

It is 1953. It skriuwersteam fan de Max Prins show, in hiele populêre televyzjeshow yn Amearika, komt ûnder druk te stean, at NBC bepaalt dat se minder stjoertiid krije en dat de satire minder bitend wurde moat. Se moatte harren oanpasse oan it grutte publyk. Dat hâldt yn dat it nivo fan de show omleech moat. Max Prins, foar wa’t de show syn libben is, rekket yn alle staten, ferheget syn pillen en alkoholkonsumpsje hjirtroch noch mear en giet regelmjittich mei syn skriuwers yn konklaaf om manieren te betinken om NBC werom te pakken.

Ferdwaald yn New York

New York, 1942. Beppe Kurnitz wennet mei har dochter Bella fan fiifentritich, dy’t yn har ûntwikkeling wat achterbleaun is, yn in komfortabel appartemint. At is stik begjint stiet Eddie, har soan, mei har beide beppesizzers, Arty en Jay, by har foar de doar. Eddie sit djip yn de skulden en moat in lange reis meitsje om jild fertsjinje te kinnen. De jonges komme dêrom foar langere tiid by beppe en harren muoike Bella ûtfanhûs. Beppe is in hurde, strange frou, Bella hat in geheime leafde. Noch in oare muoike, Gert, praat frjemd en omke Louie blykt in gangster te wêzen. Geandewei komme de jonges der achter dat it gesin wêryn’t harren heit grutbrocht is, emosjoneel totaal ferknipt is. Sy binne mar tydlik ferdwaald yn New York, de rest fan de grappige, drôvige famylje liket it paad definityf kwyt te wêzen.