In briljant idee

Stel je foar: jo ha in rêstich leven, op it saaie om’t ôf. Ta ergernis fan je frou dogge je wat mei klankskalen en meditaasje. Dan stiet der in frjemde man foar de doar dy’t seit dat er jo broer út Australië is, en seit dat er in erfenis te ferdielen hat! Je kinne noch krekt útbringe dat je hielendal gjin broer ha. Mar as de man oer briljanten begjint en jo trochtaastende oare helte nimt it heft yn hannen, en dy hellet dy broer as in held yn ’e hûs, dan is it dien mei it oant no ta saaie leven. It rint wol wat út de hân, want hoe hurder at jo je bêst dogge om alles yn goede banen te lieden, hoe grutter at de gaos wurdt. Wa’t by eintsje beslút de ferantwurdlike is en hoe’t alles wer op syn poatsjes telâne komt, dat is miskien wol it briljantste idee.

Op de ferkearde foet

Angelique is 40 en wanhopich op ’e siik nei de leafde. Se wennet mei har heit op in âlde
buorkerij yn de Switserske Alpen. Op in neimiddei makket se har op om mei har bêste freon
Angelo nei it karnaval. Dit jier sille se dêr as stel hinne, mar dan wol oarsom: hy as
Angelique, sy as Angelo. Flak foardat se fuort sille giet de bel en dêr stiet de date fan
Angelique, Lorenzo, op de stoepe, dy soe moarn pas komme, mar hy is in dei te gau en it
blykt ek noch de baas fan Angelo te wêzen. Angelique, ferklaaid as Angelo, docht iepen.
Angelique wurdt dus foar Angelo oansjoen en Angelo foar Angelique. De swierrichheden
folgje elkoar dêrnei yn heech tempo op, want der komme noch mear minsken del dy deis.

Rêstplak

In âlde man en syn frou ha boadskippen dien en nimme it koartste paad nei hûs. Dat rint oer it tsjerkhôf en dêr bliuwe se in skoftsje sitten te bekommen. Pratendewei komme se op har eigen libbensrin. It docht bliken dat de frou mear fan it libben ferwachte hie en sy ferwyt har man dat hy it sitte litten hat. Sy fergeliket him mei in Olivier, dy ’t eartiids ek gading nei har makke. Hy leit dêr net fier fan harren ôf mei syn frou.
As der warskôge wurdt dat de stekken fan it hôf sletten wurde sille, stappe se op. Thús sille se har te gast dwaan oan in sâlte hjerring en in sterk bakje tee, dat is foar Olivier net mear weilein……

De geit

Soldaat Bertje, dy ’t krekt ôfswaaid is, docht as lêste kroech it kafee fan Jeanne oan. Hy is aardich oansketten en docht Jeanne út ‘e doeken dat er syn mem hatet, syn mem, dy ’t him in libbenlang sa oerhearske, dat er him sels fakentiid fergelike mei in geit oan ’t spit. Ek Jeanne hat har ferhaal, swierrichheden yn saken, en langst nei de fleurige jonge betsjinners dy ’t gjin ferlet mear fan har ha. Stadichoan komme se tichter by elkoar en wurde it al hast iens. As Bertje alles lykwols op in rychje set en troch swarte kofje better by syn sûpe en stút komt, lit er it ôfwitte. Hy is bang dat ek dizze frou him “opfrette” sil en naait út.